Antonius Theodorus van Elmpt

Ut Wikipedy
A.Th. van Elmpt, 1925

Antonius Theodorus van Elmpt (yn de literatuer meast A.Th. van Elmpt neamd) (Grins, 12 july 1866 - Grins, 25 desimber 1953) wie in Nederlânsk arsjitekt. Hy ûntwurp foaral yn stêd Grins en omkriten.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Elmpt wie in soan fan in katolike kastlein oan it Hoendjip yn Grins. Yn 1897 boasket er oan Grinzerske Alida Catharina Fenseling. It jier dêrnei ûntwerpt er in filla foar syn sweager, notaris Tacxs yn Vlijmen. Yn dat ûntwerp oerhearsket de Neorenêssânse-styl. Om 1900 hawwe syn ûntwerpen foaral skaaimerken fan de Art-nouveau. In foarbyld fan sa'n ûntwerp, dêr't Art-nouveau ynfloeden yn sichtber binne, is Villa Vredenrust, better bekend as Huize Tavenier. Om 1920 krije syn ûntwerpen hieltyd mear skaaimerken fan de Amsterdamske skoalle. Ek hat er in skoftke dosint boukunde west oan Akademy Minerva. Yn 1929 hat er dêr bepleite dat learlingen fan de ôfdieling Tekenjen en Ambachtskeunst ek les krije soene yn it meitsjen fan brânskildere glês yn lead, dat yn Grins doe sawat net makke wurde koe.

Yn 1932 rekke syn frou Alida wei. It houlik bleau sûnder bern. Van Elmpt en de frou wennen hast harren hiele houlik oan de Pelsterstraat 19 yn Grins.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]