Keninkryk Noardumbrje

Ut Wikipedy
Noard- en midden Ingelân om 802 hinne
Flagge fan Noardumbrje; foar 't earst beskreaun yn de 8e iuw

Noardumbrje (Ingelsk: Northumbria) wie ien fan de wichtige Angelsaksyske keninkriken yn Ingelân foar Willem de Oermasterder. It hearde ta wat wol de heptargy neamd wurdt. De namme ferwiist nei it gebiet, noardlik fan de rivier de Humber.

Dat gebiet strekte him út fan de Humber oant de Forth. It keninkryk ûntstie út de gearfoeging fan twa oare riken: Deira en Bernisia. Kening Edwin ( 616 - 632 ) fierde yn 627 it kristendom yn en wie Bretwalda fan Ingelân fan 627 oant 632. Ek syn opfolgers Oswald (633-641) en Oswiu (641-670) droegen dy titel.

Yn 810 of koart dêrfoar kaam Eanred, soan fan Eardwulf, op de troan en hearske oant 841. Under syn regear erkende Noardumbrje yn 827 it oppergesach fan Egbert, kening fan Wesseks. Yn 954 hâlde Noardumbrje op te bestean as selsstannich keninkryk.

De namme Noardumbrje wurdt om histoaryske en toeristyske redenen tsjintwurdich hieltyd faker brûkt. Fierders wurdt de namme fan it âlde keninkryk noch fuortset yn it greefskip Noardumberlân.

Keningen fan Noardumbrje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers oer Bernisia en Deira (lykas yn gefal fan oare hearskers yn de heptargy) binne net hieldal wis.

Namme Perioade Opmerkingen
Esa ± 500 fan Bernisia
Eoppa ± 520 fan Bernisia
Ida 547 - 559 fan Bernisia
Glappa 559 - 560 fan Bernisia; soan fan Ida
Aelle 559 - 589 fan Deira
Adda 560 - 568 fan Bernisia; soan fan Ida
Aethelric 568 - 572 fan Bernisia; soan fan Ida
Theodric 572 - 579 fan Bernisia; soan fan Ida
Frithuwald 579 - 585 fan Bernisia; soan fan Ida
Hussa 585 - 592 fan Bernisia; soan fan Ida
Aethelric 589 - 604 fan Deira
Aethelfrith 593 - 616
604 - 616
fan Bernisia; soan fan Aethelric
fan Deira
Edwin 616 - 633 fan Deira + Bernisia; soan fan Aelle
Eanfrith 633 - 634 fan Bernisia; soan fan Aethelfrith
Osric 633 - 634 fan Deira; neef fan Edwin
Oswald 633 - 642
634 - 642
fan Deira; soan fan Aethelfrith
Bernisia
Oswiu 642 - 655 fan Bernisia; soan fan Aethelfrith
Oswine 644 - 651 fan Deira; soan fan Osric
Aethelwold 651 - 655 fan Deira; soan fan Oswald
655 Deira foarmet mei Bernisia it keninkryk Noardumbrje
Oswiu 655 - 670
656 - 664 Aelhfrith, ûnder-kening yn Deira; soan fan Oswiu;
Ecgfrith 670 - 688 soan fan Oswiu
670 - 679 Aelfwine, ûnder-kening yn Deira; soan fan Oswiu
Aldfrith 688 - 704 soan fan Oswiu
Eadwulf 704 - 705 soan fan Aldfrith
Osred I 705 - 716 soan fan Aldfrith
Coenred 716 - 718
Osric 718 - 729 (mooglik) soan fan Aldfrith
Ceolwulf 729 - 737 broer fan Coenred
Eadberht 737 - 758
Oswulf 758 - 759 soan fan Eadberht
Aethelwald Moll 759 - 765
Alhred 765 - 774
Aethelred I 774 - 778 soan fan Aethelwald Moll
Aelfwald I 778 - 779 soan fan Oswulf
Osred II 779 - 790 soan fan Alhred
Aethelred I 790 - 796 (op 'en nij)
Osbald 796
Eardwulf 796 - 806
Aelfwald II 806 - 808 soan fan Oswulf
Eardwulf 808 - 830 (op 'en nij)
Eanred 810 - 844 soan fan Eardwulf
Aethelred II 840 - 844 soan fan Eanred
Readwulf 844
Aelfwald II 844 - 848 (op 'en nij)
Osbaht 848 - 862
Aelle 862 - 867
Osberht 867

Untfongen fan "http://nl.wikipedia.org/wiki/Koninkrijk_Northumbria"