Springe nei ynhâld

Keninkryk Bernisia

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bernisia)
Brittanje yn de 7e iuw
De opkomst fan Norhumbria

It Keninkryk Bernisia wie in keninkryk fan de Angelen in Noard-Ingelân yn de 6e en 7e iuw . It ûntstie út it oan de Hen Ogledd tahearrende gebiet "Brynaich", nei’t dy al troch de Angelen oermastere wienen en foarme letter mei it súdliker lizzende Deira it keninkryk Northumbria.

Bernisia rûn fan de rivier de Tyne oan de Firth of Forth en omfieme it gebiet fan de greefskippen Northumberland en Durham fan no. De westgrins ferskode yn de rin fan de tiid hieltyd fierder nei it westen oant ek it Kumbryske Rheged en Gododdin en parten fan it Britske Keninkryk Strathclyde ta Bernisia hearden.[1] De keningssit wie yn Bamburgh, dat nei Bebba, frou fan kening Aethelfrith neamd wie.[2][3]

De earst beskreaune kening wie Ida fan Bernisia. Hy soe yn 547 op de troan kaam wêze.[4] Kening Aethelfrith ferienige yn 604 Bernisia mei it súdlike Deira en foarme sa Noardumbrje.[5] Hy hearske oant 616, doe’t er yn in slach tsjin Raedwald, kening fan East Anglia, dy’t Aethelfriths rivaal Edwin fan Noardumbrje stipeunterstützte, sneuvele,[6] Edwin waard doe hearsker oer sawol Deira en Bernisia, sa ûntstie it keninkryk Noardumbrje.

Edwin foel yn de Slach fan Hatfield Chase tsjin kening Cadwallon ap Cadfan fan Gwynedd en Penda fan Mersia op 12 oktober 633, wêrnei’t Noardumbrje wer útien foel yn Bernisia en Deira. Bernisia waard noch in skoftsje bestjoerd troch Eanfrith, in soan fan Aethelfrith; ek hy waard troch Cadwallon dea dien.[7] Syn broer Oswald folge him op, stelde in nij leger gear en befjochte doe Cadwallon yn 634 yn de Slach fan Heavenfield, Cadwallon ferlear derby it libben.[8] Nei syn oerwinning ferienige er Deira wer mei Bernisia.[9] Fan dat stuit ôf wienen de keningen fan Bernisia de hearskers oer Noardumbrje, om’t de dynasty dy’t Deira regearre hie sa’n bytsje útrûge wie troch Cadwallon.[10]

Doe't Oswald lykwols yn 642 sneuvele yn de Slach fan Maserfield, tsjin Penda fan Mersia, foel it lân wer út elkoar. It súdlik diel keas in nije kening (Oswine), wylst Oswald syn broer Oswiu op 'en nij it regear oer alinne Bernisia hie.[11] Yn 651 liet Oswiu Oswine fermoardzje en waarden beide riken nochris ferienige,[12] mar Deira hold ûnderkeningen dy't lykwols allinnich út it laach fan Oswald en Oswiu stamden.[13]

Keningen fan Bernisia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under bwâld fan Deira (616 - 633)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. N. J. Higham, The Kingdom of Northumbria, p. 82ff.
  2. Beda, HE III, 6, und III, 16.
  3. Nennius, HB, c. 63
  4. MSC A, s. a. 547
  5. D. P. Kirby, The Earliest English Kings, s. 57
  6. N. J. Higham, The Kingdom of Northumbria, p. 113
  7. Beda, HE, III, 1
  8. Nennius, HB, c. 64
  9. F. M. Stenton, Anglo-Saxon England, s. 82
  10. F. M. Stenton, Anglo-Saxon England, s. 81
  11. N. J. Higham, The Kingdom of Northumbria, s. 129
  12. ASC A, s. a. 651
  13. N. J. Higham, The Kingdom of Northumbria, s. 130