Bretwalda
Bretwalda wie in aadlike titel dy't oan guon fan de Angelsaksyske keningen fan Ingelân jûn waard, en stie gelyk oan 'e titel fan hege kening. De titel bretwalda woe sizze dat de kening de oppermacht hie oer hearskers fan de oare riken. Dat barde op it stuit dat ien fan dy keninkriken op it sterkst wie.
Betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd komt fan it Angelsaksyske "Bretanwealda", dat mooglik "Hear fan Brittanje" betsjutte, en faaks te fergelykjen is mei primus inter pares en mear in earetitel as in offisjele beneaming wie, mei de macht dy't dêrby hearde. Neffens Kemble, komt bretwalda fan it Aldingelske wurd breotan (útdiele, ferdiele), wat hy oerset mei "wiid en siid regearjend".[1]
List fan Bretwalda's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beda neamde yn 731 yn syn Historia ecclesiastica gentis Anglorum sân nammen. Hy skreau Latyn, dat hy hat de term bretwalda sels net brûkt. Guon saakkundigen twifelje oars ek oer de folsleinens fan syn list. De histoaryske Angel-Saksyske Kronyk neamt ek noch Egbert fan Wesseks.
NAMME | PERIOADE | Kening fan: |
Aelle | 477 - sa. 514 | Susseks |
Ceawlin | 560 - 591 | Wesseks |
Ethelbert | 591 - 616 | Kent |
Raedwald | 616 - 627 | East Anglia |
Edwin | 627 - 632 | Northumbria |
Oswald | 633 - 641 | Northumbria |
Oswiu | 641 - 670 | Northumbria |
Ethelbald | ca. 735 - 757 | Mercia |
Offa | 757 - 796 | Mercia |
Egbert | 829 - 839 | Wesseks |
Æthelwulf | 839 - 855 | Wesseks |
Æthelbald | 856 - 860 | Wesseks |
Æthelbert | 860 - 866 | Wesseks |
Æthelred | 866 - 871 | Wesseks |
Alfred | 871 - 899 | Wesseks |
Alfred de Grutte wie de earste dy't beskôge waard as de kening fan hiel Ingelân. Itselde gou foar syn opfolgers, dêrnei spriek it himsels en waard de term 'Bretwalda' net mear brûkt.
Ethelbald en Offa regearren nei de tiid fan Beda syn list, dat dy waarden troch him net neamd, mar it is hast wol wis dat hja as Bretwalda beskôge waarden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|