Muzyk- en Sangfestival Skiermûntseach
Muzyk- en Sangfestival Skiermûntseach Muziek- en Zangfestival Schiermonnikoog | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Skiermûntseach (gem.) | |
plak | Skiermûntseach (plak) | |
holden yn | ferskate gelegenheden | |
tiid fan it jier | begjin juny | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | hafabra | |
bestean | 1958 – no | |
oprjochter | Gemeente Skiermûntseach | |
org. troch | OMF |
It Muzyk- en Sangfestival Skiermûntseach is in twadeisk muzykfestival foar harmony-orkesten, fanfares, brassbands en koaren, dat elts jier oan it begjin fan juny holden wurdt op it Fryske Waadeilân Skiermûntseach. Dit evenemint bestiet sûnt 1958, en waard oant de twadde helte fan 'e 1990-er jierren ta organisearre troch de Gemeente Skiermûntseach. Tsjintwurdich is de organisaasje yn 'e hannen fan 'e Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân (OMF).
Under it festival binne der muzykútfierings te beharkjen op ferskate plakken op it eilân: yn Muzykkoepel 't Beukennootje, oan 'e Reewei; yn 'e Got Tjark oan it Dû. Hundlungiuspaad, en it Kultureel Moetingssintrum Skiermûntseach, oan 'e Langestreek, en op it iepenloftpoadium foar it gemeentehûs. Tanksij finansjele stipe fan 'e Gemeente Skiermûnteach is de tagong oeral fergees.
Oan 'e 61e edysje fan it Muzyk- en Sangfestival, op freed 1 en sneon 2 juny 2018, diene 35 muzykferienings en 31 koaren út hiel Nederlân mei. Mei-inoar gie it dêrby om 1.800 muzikanten en sjongers. Der wie sadwaande op it eilân gjin bêd mear frij. Dêrby kamen nochris 1.500 oant 2.000 taharkers.
Foarhinne naam elts muzykkorps al syn eigen ynstruminten mei nei Skiermûntseach, ek al it grutte slachwurk, lykas de pauken en drumstellen. Tsjintwurdich is it sa regele dat allinnich Brassband Looft den Heer, fan Bitgummole, syn slachwurk meinimt en dat beskikber stelt oan alle oare korpsen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|