Kultureel Moetingssintrum Skiermûntseach
Kultureel Moetingssintrum Skiermûntseach Cultureel Ontmoetingscentrum Schiermonnikoog | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Skiermûntseach (gem.) | |
plak | Skiermûntseach (doarp) | |
adres | Langestreek 23 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke / kultureel sintrum | |
boujier | 1962 |
It Kultureel Moetingssintrum Skiermûntseach (Nederlânsk en offisjeel: Cultureel Ontmoetingscentrum Schiermonnikoog), faak ôfkoarte ta COC, is de eardere grifformearde tsjerke op it Fryske Waadeilân Skiermûntseach. Sûnt maaie 2005 is dit tsjerkegebou yn it besit fan 'e Skiermûntseager gemeente fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kultureel Moetingssintrum Skiermûntseach waard yn 1962 boud as tsjerkegebou fan 'e Grifformearde Tsjerken yn Nederlân op Skiermûntseach. It moast in âlder gebou út 1906 ferfange, dat te lyts wurden wie foar de groeiende grifformearde gemeente op it eilân en de tarin fan simmergasten. Nei't de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân mei û.m. de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke opgien wiene yn 'e nije Protestantske Tsjerke yn Nederlân, siet de nije protestanstske gemeente op Skiermûntseach oantangele mei twa tsjerkegebouwen, wêrfan't de Got Tjark, de eardere herfoarme tsjerke, sawol âlder as grutter wie. Sadwaande waard dy yn gebrûk nommen foar de wyklikse earetsjinst, wylst fan 'e eardere grifformearde tsjerke in kultureel sintrum makke waard.
It gebou is noch altyd eigendom fan 'e protestantske gemeente, mar om't men de kosten fan it ûnderhâld fan it gebou net mear opgringe kin, is de eksploitaasje oerdroegen oan 'e selsstannige Stifting Kultureel Moetingssintrum Skiermûntseach. Tsjintwurdich docht de eardere tsjerke tsjinst as sealesintrum, foar gearkomsten en foarstellings. Sa wurdt it bygelyks brûkt as lokaasje foar muzykútfierings yn it ramt fan it jierlikse Muzyk- en Sangfestival Skiermûntseach.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |