Got Tjark

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Got Tjark
Kerk Schiermonnikoog.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Skiermûntseach.png Skiermûntseach (gemeente)
plak Flagge fan Skiermûntseach.png Skiermûntseach (doarp)
adres Ds. Hundlungiuspaad 8
koördinaten 53°28′45″ N 6°9′37″ E
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
subtype sealtsjerke
boujier 1866

De Got Tjark (Skiermûntseagersk foar "Grutte Tsjerke") is de eardere Nederlânsk-herfoarme tsjerke op it Fryske Waadeilân Skiermûntseach. Sûnt maaie 2005 is dit tsjerkegebou yn it besit fan 'e Skiermûntseager gemeente fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Got Tjark waard boud yn 1866, en ferfong doe in âlder tsjerkegebou op itselde stee, dat út 1762 datearre. De âlde tsjerke wie sa boufallich wurde dat er ôfbrutsen wurde moast. Foàr 1762 wiene der ek al tsjerken op Skiermûntseach, mar dy stiene op oare plakken op it eilân. De âlde parochytsjerke, út 'e fyftjinde iuw, waard yn 1715 ôfbrutsen doe't it hiele doarp ferpleatst wurde moast fanwegen ferstowing fan 'e dunen. De tsjerke dy't dêrfoar yn 'e plak boud waard, ferdwûn yn 1760 ûnder de weagen.

De (tsjintwurdige) Got Tjark is in sealtsjerke, dy't oarspronklik in houten klokketoer hie. Dy waard yn 1909 ferfongen troch in stiennen toer oan 'e westkant fan 'e tsjerke. De nije toer is, yn tsjinstelling ta de tsjerke sels, eigendom fan 'e Gemeente Skiermûntseach. De tsjerkklok (dy't net mear liedt) datearret út 1649 en is getten troch Jacob Noteman. It oargel waard omtrint 1895 boud en yn 1991 folslein restaurearre. De tsjerke sels is yn 1967 fan binnen restaurearre, en de toer ûndergie yn 2006 in opknapbeurt.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: