Grêfstien

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Grêfstiennen út de 19e ieu op Begraafplak Meppelerstrjitwei yn Swol (2005)
Grêfstiennen op in Switsersk begraafplak (2006)
Houten "grêfstiennen" op de hôf fan Feanhuzen (2009)

In grêfstien is in stien dy't it plak oanjout fan in grêf en dy't der mei opsetsin delsetten is. Meastentiids hat in grêfstien in opskrift dêr't in oantal eleminten yn foarkomme kinne. In grêf mei grêfstien seit in hiel soad oer de kultuer dêr't de ferstoarne diel fan útmakke.

  • Hast altyd de namme fan de ferstoarne(n) dy't dêr begroeven is/ lizze.
  • Faak in berte- en stjerdei en/of in leeftyd.
  • Famyljerelaasjes tusken begroeven persoanen en libjende neibesteanden.
  • Soms it berop fan de ferstoarne of oare kenmerken dy't troch de neibesteanden wichtich fûn waarden.
  • Keunstuterings, faak fan symboalyske aard, lykas: knakte blommen, gûlende ingelen, brutsen beamstammen, sânrinners of rigels út gedichten of religieuze boeken.
  • Fazen of oare resepiïnten foar planten en blommen dy't troch rouwenden op it grêf efterlitten wurde kinne.
  • Portretten fan de ferstoarne, faak yn emalje baarnd foar tige lange hâldberheid (benammen súd-Europa, katolyk).

Grêfstiennen binne in fokus foar de rouwenden en as in statement foar it belang fan de ferstoarne neffens dy syn neibesteanden, of eventueel, by minsken dy't alles sels foar harren dea al regele hawwe, neffens him- of harsels.

It materiaal fan de stien giet faak desennia oant ieuwen mei; in stien fan polyst granyt hat in hast ûnbeperkte libbensdoer, en is nei tûzenen jierren sa goed as ûnoantaast, sa't út folle Egyptische grêven blykt; in stien fan kalkstien of sânstien kin nei hûndert jier al sa goed as ûnlêsber wurden wêze. Tige ienfâldige grêven wurde faak oanjûn mei in houten krús, dat meastal binnen in pear jier weirotsje sil. In grêfstien kin aardich yn de papieren rinne.

Grêfstiennen yn tsjerken ("grêfsarken"), faak dekplaten fan grêven yn de flier fan de tsjerke, hawwe minder te lijen fan it waar, mar wurde as der oerhinne rûn wurdt yn inkele hûnderten jierren dochs ûnlêsber. Stiennen en tinktafels oan de muorre fan in tsjerke binne folle duorsumer.

Begraving yn in tsjerke komt lykwols tsjintwurdich net mear foar, dit waard by wet ôfskaft yn de 19e ieu, dit privileezje mei allinnich noch tapast wurde yn keninklike krypten en by begraffenissen fan hege tsjerkelieders.

Benammen yn de 16e ieu binne prachtige sarken makke. Yn Frjentsjer wie in sintrum mei typyske renêssânsekeunst dy't ek printen en lytse sieraden ymportearre hat. Der binne trije perioades te ûnderskieden:

  • 1535-1550 : De monogrammist Benedictus Gerbrants hat doe wurke mei ynfloed fan de Noard-Italjaanske Florentyske ornamintisten fan om 1500 hinne. Fan Gerbrants binne sa'n 15 sarken fan 1532-1565 bekend.
  • 1550-1570 : Neist B.G. wurket no ek Vincent Lucas. Der wurde no ek nije Renêssânse-eleminten brûkt dy't ûnliend binne oan de Frânsen en Flamingen. Fan Vincent Lucas binne sa'n 16 stiennen út 1550-1565 bekend.
  • 1565-1600 : Der binne dan ek ynfloeden fan Hans Vredeman de Vries te sjen. Bûten anonimen trede op Pieter Dircks, Claes Jans, Claes Jelles, Pieter Claesz en Jelle Claesz. Twa soarten stiennen binne te ûnderskieden: dy mei wapenfersierings en dy mei persoansfoarstellings. De grêfsarken binne bytiden tige grut: de Camminghastien yn Ballum en de Unemastien yn Blije.

De 16e ieu lit in hichtepunt sjen, mar ek letter wurdt der noch genôch makke. Sa binne der stiennen mei leeftydskoppen. In soad sarken binne skanseare. In soad lytse doarpstsjerken hawwe opfallende grêfskriften, bygelyks Deinum, Raerd, Mantgum en Boazum.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Grafzerken.
  • Vrije Fries XXIII 1915 side 156-198
  • J. Belonje, Steenen Charters (Amsterdam, 1941)
  • Vrije Fries XL (1950) side 19-34
  • Genealogysk Jierboek (1957) side 24-41
  • Drs. Hessel de Walle, Friezen uit vroeger eeuwen, (Franeker, Wever Van Wijnen, 2007).