Ballum
| Ballum | ||
| Toer en tsjerke fan Ballum | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 480 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 27' NB, 5° 41' EL | |
| Amelân Fleanfjild Ballum | ||
| Kaart | ||

Ballum is it lytste doarp op it Amelân, oan de westkant fan it eilân. De namme komt fan de persoansnamme Balle mei de útgong - um.
It doarp hat 480 ynwenners (1 jannewaris 2023). Yn it sintrum is in lytse brink mei beammen der om en in frijsteande toer. Dy hearde eartiids wierskynlik by de slotkapel.
Ballum is lykwols it lytste doarp fan it eilân, dochs is it doarp de lokaasje fan it gemeentehûs fan It Amelân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Cammingha's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 15e iuw wennen de Cammingha's hjir, de eardere frijhearen fan it eilân. It slot fan de Cammingha's is yn 1829 ôfbrutsen. Sawat op it âlde stee is yn 1975 in nij gemeentehûs set. Ballum waard derom ek wolris kastielresidinsje neamd. Dêr is eins neat mear fan oer. De grêfstien dy't de grêfkelder eartiids ôfsleat is no de flier fan it lykhúske fan Ballum.
En fierders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut de 18e iuw binne noch âlde huzen mei ankerdatearringen bewarre bleaun. De pleatsen litte it boereferline fan it doarp sjen. De buorren fan Ballum binne in beskerme doarpsgesicht. De âlde byldhoude preekstoel yn de herfoarme tsjerke is it besjen wurdich.
Oant de Twadde Wrâldkriich wie der tsientallen jierren lang de feartsjinst tusken Swarte Harne en Ballum. Yn 1940 waard de feartsjinst troch de Duiters fuortset fan de pier fan Holwert ôf nei Nes.
Fleanfjild
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar needgefallen is by Ballum in lyts fleanfjild oanlein, Ameland Airport Ballum. Soks kin nedich wêze by tichtfriezen fan de Waadsee, by ûngelokken of urginte opname yn in sikehûs. In SAR-helikopter is dan in útkomst. By't simmer kinne ek rûnflechten makke wurde, of oan sweeffleanen en parasprongen dien wurde. It útstapke meitsje nei Tessel of it Dútske Waadeilân Borkum kin ek.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Doarpsbelang Ballum fersoarget de aktiviteiten yn it doarp, lykas it hynsteringstekken yn maaie en it doarpsfeest yn augustus.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iepenbier Basisskoalle 't Ienster is in typyske eilânskoalle, dêr't alle bern fan it eilân hinne kinne. De namme fan 'e skoallen is in Amelânske ferbastering fan 'e Fryske wurden "Ien skar", itjinge in lyts bedike stikje lân betsjut.
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ballum hat de folgjende sportferienings:
- Biljertklub D.M.S. Ballum
- Iisferiening Ballum
Befolkingsûntjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2004 | 2012 | 2025[2] |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 250 | 259 | 271 | 272 | 288 | 371 | 370 | 345 | 485 |
Berne yn Ballum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eelke Bakker (28 july 1910 – 3 maaie 2020), sûnt 4 augustus 2018 de âldste Fries ea.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Ballum.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| It Amelân | ||
|---|---|---|
| Doarpen: Ballum • Bueren • Hollum • Nes | ||
| Buorskippen: Ballumerbocht • Koaipleats | ||