Beskerme doarpsgesicht
Appearance
In Beskerme Doarpsgesicht is yn Nederlân in kwalifikaasje dy't oan in gebou of buorren jûn wurdt dy't mei de direkte omkriten fan algemien belang binne troch de skientme, de ûnderlinge romtlike of strukturele gearstalling. Troch dy gebouwen te beskermjen wurde se feilich steld foar de takomst.
At in gebou as buert oanmerkt is as beskerme doarpsgesicht mei dy net mear ôfbrutsen wurde. Ek mei der neat oan de gebouwen feroare wurde sûnder in skriftlike fergunning fan it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders. Ek gebouwen dy't gjin offisjeel monumint binne, kinne ûnder dy regeling komme. Yn in protte gefallen bepale in oantal gebouwen meiïnoar de romtlike struktuer en it histoaryske karakter fan in doarp.