Springe nei ynhâld

Camminghaslot

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jelmerastate)
Camminghslot tekene troch Jan Bulthuis

It Camminghaslot, ek: Jelmerastate of kastiel Cammingha, wie in stins op in flinke terp súdlik fan it doarp Ballum yn de gemeente It Amelân. Fan de state is neat werom te finen.

Ballum wie eartiids it wichtichste plak fan It Amelân. De stifter fan it slot is Ritske fan Jelmera, de stamfaar fan de lettere Frij- en Erfhearen fan It Amelân. De bou fan it kastiel wie oan it begjin fan de 15e iuw. It waard oarspronklik de Jelmerastate neamd, letter stie it bekend as it kastiel Cammingha.

Oan it begjin fan de 17e iuw blykt it kastiel ferfallen te wêzen en wurdt dan fernijd. It kastiel lei mids grutte bosken en tunen. Omdat de beide kleasters fan It Amelân al ferdwûn wienen, moasten foar de werbou fan it kastiel de stienen mei skûtsjes oer de Waadsee oanfierd wurde. Soks allinnich al koste in fermogen.

Mei de dea fan Frans Duco fan Cammingha stjert de famylje Cammingha út. Syn mem Rixt fan Donia bliuwt noch in skoft yn it hûs wenjen oant har dea yn 1681. It kastiel ferervet dan op de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg krektas alle besittings fan de Cammingha's yn Ljouwert. Yn 1704 ferkeapje se it slot mei it eilân It Amelân oan Johan Willem Friso fan Oranje-Nassau. Syn neisiet Kening Willem-Alexander fiert noch altiten de titel fan Frijhear fan It Amelân.

Nei de Frânske Revolúsje, yn 1795, waard it besit yn beslach nomd. Neidat Nederlân wer in keninkryk wurden wie, waard It Amelân in gritenij en waard de Oeriselske ealman Walraven Robert baron fan Heeckeren de earste grytman. Oant 1828 wenne hy yn it kastiel. Yn dat jier waard it ûnbewenber ferklearre, de baron ferhuze nei in amtswente yn Nes en it slot waard yn july 1828 ôfbrutsen.

Anno 2019 binne der plannen om it slot wer op te bouwen.[1]

Yn Museum Sorgdrager te Hollum is de film Het slot van Ballum, het Camminghaslot als machtscentrum van een onafhankelijk eiland te sjen.

Grêfstien fan de famylje Cammingha, Ballum
  • 1425 - 1450 Ritske fan Jelmera
  • begjin 17e iuw Sicke fan Cammingha, troud mei Catharina fan Herema
  • ± 1670 Frans Duco fan Cammingha
  • - 1681 Rixt fan Donia
  • 1681 - 1704 famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
  • 1704 Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau
  • 1704 - 1711 Prins Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz
  • 1711 - 1751 Steedhâlder Willem IV
  • 1751 - 1795 Steedhâlder Willem V
  • 1811 - 1828 Walraven Robert baron van Heeckeren

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: