Springe nei ynhâld

Museum Sorgdrager

Ut Wikipedy
Museum Sorgdrager
  museum
Museum Sorgdrager yn Hollum
Museum Sorgdrager yn Hollum
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeenteFlagge fan It Amelân It Amelân
plakHollum
adresHerenweg
koördinaten53° 26' N 5° 38' E
Algemiene gegevens
typeKultuerhistoarysk
wurkmêdSkiednis fan It Amelân
Arsjitektuer
type gebouKommandeurswente
boujier1751
Offisjele webside
amelandermusea.nl
Kaart
Museum Sorgdrager (Hollum)
Museum Sorgdrager
Lokaasje yn Hollum

Museum Sorgdrager is in kultuerhistoarysk museum yn Hollum op It Amelân. Tema is de kultuer op eilân It Amelân dat eartiids frijwat isolearre lei.

It museum bestiet út in kommandeurswente, in yn 1751 troch Pieter Cornelis Sorgdrager yn Hollum boude Sorgdragershuuske. Kommandeurs wienen kapiteins fan ûnder oare keapfardijskippen en walfiskfarders. Ien fan de keamers is ynrjochte as stylkeamer sa't dy der yn 1751 útsjoen hat. Op de boppeferdjipping is in tentoanstelling oer Amelanner folkskeunst.

Yn de museumpleats der njonken wurdt middels in eksposysje mear omtinken jûn oan de walfiskfangst en oan it ûntstean fan It Amelân. It museum is ek útgongspunt fan kuiertochten troch Hollum en der wurde teffens lêzingen hâlden.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: