Springe nei ynhâld

Skiermûntseach

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gemeente Skiermûntseach)
Skiermûntseach

De Langestreeek yn it doarp Skiermûntseach, by winter.
flagge wapen

Wapen fan Skiermûntseach
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Ineke van Gent (GL)
sifers en geografy
haadplak Skiermûntseach (plak)
grutste plak Skiermûntseach (plak)
ynwennertal 971 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 21 / km²
oerflak 199,07 km²
● wêrfan lân 43,99 km²
● wêrfan wetter 155,08 km²
tal doarpen 1
skiednis
oprjochte 1851
1816–1851 Gritenij Skiermûntseach
oar
netnûmer 0519
postkoade 9166
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.schiermonnikoog.nl
Dizze side giet oer it eilân en de gemeente Skiermûntseach. Foar oare betsjuttings, sjoch: Skiermûntseach (betsjuttingsside).

Skiermûntseach of Skiermuontseach (Nederlânsk: Schiermonnikoog), yn it Skiermûntseagersk: Schiermonnikeich, Lytje Pole of gewoan it Eilaun, is ien fan de fiif Nederlânske Waadeilannen. It is mei 971 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) de lytste gemeente fan Fryslân, en sels de lystste gemeente fan Nederland, beide mjitten nei ynwennertal. De gemeente hat in oerflak fan 199,07 km², dêr't 155,08 km² wetter, en 43,99 km² lân fan is.

Sûnt 1989 is it grutste part fan it eilân in Nasjonaal park. Fan Skiermûntseach giet in fear nei Lauwerseach.

De Noardertoer, ien fan 'e beide fjoertuorren fan Skiermûntseach.

It eilân feroaret, lykas oare Fryske eilannen, ûnder ynfloed fan de Noardsee en Waadsee, hieltiid fan foarm. Om't de wettelike grinzen fan de gemeente, en fan de provinsje, útgongen fan de lytste omfang, lei om 2000 hinne de eastpunt fan it hjoeddeiske, gruttere eilân yn Grinslân, yn de gemeente Iemsmûn. Op 1 jannewaris 2006 is de grins dêrom oanpast, dat dy no troch de Balch rint. Op himsels wie it in foardiel om dúdlikens te hawwen oer de ferantwurdlikens oer it eilân, bygelyks by rampbestriding. Lykwols moast de provinsje Fryslân foar de 0,7 km2 lân- en 7 km2 wettergebiet 274.000 euro oan Grinslân betelje, en de gemeente Skiermûnseach nochris 23.000 euro oan Iemsmûning. Dat hie der mei te krijen dat de ferdieling fan it gemeentefûns en fan it provinsjefûns beide basearre binne op gebiet. De lizzing fan it eilân sil no alle tsien jier op 'e nij besjoen wurde.


Skiermûntseach hat ien persoan dy't folslein ferantwurdlik is foar de hiele wetterketen op it eilân, sa wol foar it drinkwetterbedriuw en Wetterskip Fryslân. De meiwurker hâldt tafersjoch op de drinkwetterproduksje, it suverjen fan ôffalwetter, it peilbehear en de dykbewaking. Yn 2010 is it drinkwetterbedriuw renovearre. It bedriuw kin maksimaal 60.000 liter drinkwetter yn de oere produsearje. Dêrneist kin der op it eilân 300 kubike meter drinkwetter opslein wurde.

It ienichste doarp op it eilân is Skiermûntseach oftewol Easterbuorren, meastal allinnich "it doarp" neamd om't Westerbuorren yn 1719 troch it wanneljen fan it eilân ferlern gien is.

Wannear't it eilân ûtstien is is net mei wissichheid te sizzen. De Waadsee ûntstie yn de rin fan de trettjinde iuw nei in rige stoarmen dêr't de Sint-Lusiafloed fan 13 desimber 1287 de swierste fan wie. It eilân wie, lykas de measte oare Waadeilannen, earst noch ferbûn mei it fêstelân, mar nei it trocbrekkken fan de strânwâlen luts de see hieltyd mear it lân yn. Sadwaande ûntstiene de Waadeilannen.

It eilân hjit nei de Skiere Muontsen fan it Kleaster Klaarkamp, by Rinsumageast. Yn 1440 wurdt de namme Skiermûntseach foar it earst neamd yn akte (fan Philips fan Bourgondje). It wie yn de Midsiuwen yn besit fan dat kleaster en in part fan de mûntsen wenne op it eilân. Yn 1580 waard Fryslân protestantsk, en dêrtroch waard Skiermûntseach eigendom fan de provinsje. Om't de provinsje te min jild hie waard it eilân yn 1638 ferkocht, en fan 1640 oant 1859 wie it yn it besit fan de famylje Stachouwer. Yn 1859 waard it kocht troch John Eric Banck, dy't in nije waaddyk oanlei en helm plante tsjin it stosân.

Underwilens wie Skiermûntseach yn 1816 in gritenij wurden. Yn 1851 waard it in gemeente, nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Yn 1893 waard it eilân ferkocht oan de Dútske greve Hartwig Arthur von Bernstorff-Wehningen, dy't der nullebeammen plante as produksjebosk. Nei de Twadde Wrâldkriich is it as fijannich kaptaal oan Nederlân kaam. Greve Bechtold Eugen von Bernstorff hat yn 1964 noch besocht it eilân werom te krijen, mar moast it yn 1983 dwaan mei in skeafergoeding fan mar 80.000 Dútske Marken.

Strân by Peal 3
Fearboat Monnik tusken Lauwerseach en Skiermûntseach
Fearboat Rottum tusken Lauwerseach en Skiermûntseach

Ferdieling gemeenteried

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenteried fan Skiermûntseach bestiet út 9 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:

partij ferkiezings 2018[1] ferkiezings 2022[2]
% sitten % sitten
Christelijke Groep 47,8 4 32,5 3
Ons Belang 27,9 3 45.0 4
Schiermonnikoogs Belang 24,2 2 22,6 2
opkomst/totaal sitten 82,5% 9 80,2% 9

Op Skiermûntseach wurdt in dialekt fan it Frysk sprutsen. It Skiermûntseagersk Frysk wykt sa'n soad ôf fan de fêstewâldialekten dat oare Friezen it net maklik ferstean kinne.

Troch tanimmende ynfloeden fan bûtenút (ûnder oare fan it toerisme) waard it dialekt stadichoan ferkrongen troch it Frysk en it Nederlânsk. Op it heden binne der noch mar in hûndert minsken dy't it dialekt praten kinne. Hja neame har eilân "Lytje Pole", dat letterlik betsjut 'Lytse Poalle' (lyts stikje grûn).

De Wassermann is in 27 meter lange bunker noardeast fan it doarp. De ± 1943 boude Marineflakbatterie-bunker wie part fan de Atlantikwall, in ferdigeningsliny fan de Dútsers yn de Twadde Wrâldkriich.

Folkloare en eveneminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om Pinkster hinne wurdt Kallemoai fierd, in feest dat allinnich noch op Skiermûntseach foarkomt.[3][4] Op en om 5 desimber wurdt Klozem fierd.[5] Begjin juny fynt op Skiermûntseach elts jier it Muzyk- en Sangfestival Skiermûntseach plak, organisearre troch de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne op Skiermûntseach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022
  2. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022
  3. Meertens Instituut: Kallemooi
  4. Webside gemeente Skiermûntseach: Kallemooi
  5. Webside gemeente Skiermûntseach: Kallemoai en Klozum
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

· · Berjocht bewurkje