Sudertoer (Skiermûntseach)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sudertoer
Zuidertoren
Watertorenschiermonnikoog.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Skiermûntseach.png Skiermûntseach
plak Flagge fan Skiermûntseach.png Skiermûntseach
adres Toerstreek 22
koördinaten 53X°28′53″ N 6°09′31″ E
bysûnderheden
type bouwurk toer
subtype fjoertoer
boujier 1854
arsjitekt H.G. Jansen
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 398179
oare ynformaasje
hichte 31,5 m

De Sudertoer (Nederlânsk en offisjeel: Zuidertoren) is in 311/2 m hege toer op it Fryske Waadeilân Skiermûntseach. Dit gebou hat yn 'e rin fan 'e jierren ferskate funksjes hân. Op 20 augustus 1991 krige it de status fan ryksmonumint.

De Sudertoer.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sudertoer waard yn 'e jierren 1853-1854 tagelyk boud mei de Noardertoer, de hjoeddeistige fjoertoer fan Skiermûntseach. De toer wie in ûntwerp fan H.G. Jansen yn 'e mande mei D. van Gessel, N.J. Leijer en oannimmer L.J. Borst Verdoorn. De oarspronklike funksje fan 'e Sudertoer wie dy fan fjoertoer. Tsjintwurdich kenne seelju de ljochten fan fjoertuorren werom troch de saneamde ljochtkarakters: figueren yn it ljocht. Mids njoggentjinde iuw bestie soks noch net, en dêrom pleatste men bytiden twa fjoertuorren byinoar, sadat men se oan dy neite ta-inoar weromkoe. Boppedat koenen twa fjoertuorren in line foarmje, sadat skippen om gefaarlike ûndjipten hinne laat wurde koene.

Yn 1910 krige de Noardertoer in draailjocht, mei as gefolch dat de Sudertoer oerstallich waard. It gebou stie neitiid jierren leech. Yn 1949 waard de toer omboud ta wettertoer troch der in wetterbak yn te pleatsen. Dy funksje hold er oant 1992, doe't er ferkocht waard oan KPN, dy't der in stjoermêst fan makke. De Sudertoer waard troch KPN min ûnderholden, en de griene oanslach op 'e bûtenkant fan 'e oarspronklik wite toer wie in protte Skiermûntseachsters in stikel yn 'e foet.

Yn juny 2018 kocht de Stifting Behâld Sudertoer (Stichting Behoud Zuidertoren) de toer fan KPN, wat de wei frijmakke foar in yngeande renovaasje. De ûnderhannelings oer de keap hiene twa jier duorre, en de stifting woe net sizze wat der betelle wie. De Sudertoer behold de funksje fan stjoermêst, mar der kaam ek in lytse eksposysjeromte ûnderyn de toer, dêr't de skiednis fan it gebou beljochte waard. Tagong ta de top fan 'e toer kaam der net, om't de wetterbak der noch altyd yn siet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Santema, Pier Abe, Groene watertoren weer wit na aankoop door eilander stichting, yn: de Ljouwerter Krante, 27 juny 2018, s. 24.