Himmelumer Aldefurd

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Himmelumer Aldefurd
Koudum huis 2009.JPG
It âlde gemeentehûs fan Himmelumer Aldefurd yn Koudum.
flagge wapen
Flagge fan Himmelumer Aldefurd.png Hemelumer Oldeferd wapen.svg
Wapen fan Himmelumer Aldefurd
lokaasje
Fryslân-Gemeenten (1944-1984) - Himmelumer Aldefurd read.png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
sifers en geografy
haadplak Koudum
grutste plak Koudum
ynwennertal 4.899 (1981)[1]
befolkingstichtens 74,6 / km²
oerflak 65,68 km²[2]
tal doarpen 8
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Hemelumer Oldeferd wapen.svg Grit. Himmelumer Aldefurd
opheft 1984
opgien yn Flagge fan Nijefurd.PNG Nijefurd
Flagge fan Gaasterlân-Sleat.PNG Gaasterlân-Sleat
no part fan Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
Flagge fan De Fryske Marren.png De Fryske Marren
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Himmelumer Aldefurd (Nederlânsk en offisjeel: Hemelumer Oldeferd) is in eardere gemeente yn 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, oan 'e kust fan de Iselmar en De Fluezen. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 in befolking fan 4.899 minsken,[1] en besloech in oerflak fan 65,68 km².[2] It gemeentehûs fan Himmelumer Aldefurd stie yn Koudum.[1] It wie in plattelânsgemeente dy't yn 'e Midsiuwen in soad te krijen hie mei wettersneed en oarloch. It monumint foar de Slach by Warns op Reaklif is dêr in oantinken oan. Letter koe it gebiet in lange perioade fan grutte bloei troch hannel en skipfeart, mar yn 'e tweintichste iuw rekke de gemeente troch gebrek oan wurkgelegenheid sterk ûntfolke. Yn 1984 waard Himmelumer Aldefurd opheft en rekke it grûngebiet ferdield ûnder de gemeenten Nijefurd en Gaasterlân-Sleat. Sûnt 2011, resp. 2014 heart it gebiet ta de nije fúzjegemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Himmelumer Aldefurd lei yn it uterste súdwestlike part fan 'e provinsje Fryslân en hearde as sadanich ta de gruttere krite fan 'e Súdwesthoeke. It grinzge yn it easten en súdeasten oan 'e gemeente Gaasterlân, yn it noardeasten oan 'e âlde gemeente Wymbritseradiel, yn it noarden oan 'e gemeente Warkum, yn it noardwesten oan 'e gemeente Hylpen en yn it súdwesten oan 'e gemeente Starum.[1]

Yn it súdwesten (tusken de grinzen mei Starum en Gaasterlân) en yn it westen (tusken de grinzen mei Hylpen en Starum) hie Himmelumer Aldefurd twa stikken kustline oan 'e Iselmar, of foar 1932 oan 'e Sudersee. Yn it binnenlân omjoech de gemeente De Moarre en De Fluezen hielendal.[1] It diel fan Himmelumer Aldefurd oan 'e eastkant fan De Fluezen hiet Noardwâlde of De Wâlde.[3] Yn totaal besloech Himmelumer Aldefurd in oerflak fan 65,68 km².[2]

De ûndergeande sinne boppe de haven fan Laaksum.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadplak fan Himmelumer Aldefurd wie Koudum,[1] en de oare doarpen yn de gemeente wiene: Ealahuzen, It Heidenskip, Himmelum, Kolderwâlde, Molkwar, Aldegea en Warns.[1] Ek de buorskippen Boppebuorren, Galamadammen, Laaksum, Skarl en Tropherne hearden ta Himmelumer Aldefurd. Fierders wie Nijegea (net te betiizjen mei Nyegea yn Smellingerlân) in njoggende doarp yn Himmelumer Aldefurd oant it yn 1966 opgie yn Ealahuzen.[4]

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike Nederlânske namme fan Himmelumer Aldefurd wie Hemelumer Oldephaert en Noordwolde, gauris ôfkoarte ta H.O.N. Dy oantsjutting wie ôflaat fan it âlde haadplak Himmelum, oanfolle mei 'Oldephaert', dat ferwiisde nei rjochtsgebiet fan Himmelum: de Himmelumer Alde Frede ('ferd'). Noordwolde of Noardwâlde wie de namme fan it diel fan 'e gemeente dat beëasten De Fluezen lei, mei de doarpen Kolderwâlde, Aldegea en Ealahuzen.[5][6]

Yn 1955 besleat de gemeenterie fan Himmelumer Aldefurd en wizigje de gemeentenamme ta Hemelumer Oldeferd. Dêrfoar hie men trije redens. Yn it foarste plak wie de foarm Oldeferd taalkundich better as Oldephaert, dat de measte minsken foutyf assosjearren mei 'Alde Feart'. Dêrnjonken wie de âlde namme tige lang en joech "en Noardwâlde" betizing mei it doarp Noardwâlde yn 'e gemeente Weststellingwerf.[5][6] Dizze nammewiziging waard per 1 jannewaris 1956 trochfierd.[6]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Himmelumer Aldefurd ûntstie as gemeente troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke yn 1851, wêrby't alle gritenijen omfoarme waarden ta gemeenten. It wie in fuortsetting fan 'e eardere Gritenij Himmelumer Aldefurd, dy't ta it kertier Westergoa hearde en tebek gie oant de fjirtjinde iuw.[1]

De bewenningsskiednis fan Himmelumer Aldefurd moat omtrint it jier 1000 begûn wêze, doe't it gebiet noch tige moerassich wie. De striid tsjin it wetter wie sadwaande ien dy't iuwenlang oanhold.[1] Benammen troch de neite ta de wichtige hannelsplakken Starum en Hylpen makke de gritenij yn 'e Midsiuwen in perioade fan woltier troch.[1] Lykwols wie it gebiet ek it toaniel fan kriich tsjin 'e Hollanners, lykas yn 'e Slach by Warns yn 1345, doe't greve Willem IV fan Hollân mei in ynvaazjeleger de Sudersee oerstiek en Fryslân binnenfoel, mar troch de Friezen weromslein waard.[1] Lang waard tocht dat dy fjildslach by Warns plakfûn hie, mar tsjintwurdich is it tinken mank saakkundigen dat it treffen foar 't neist tichter by Starum útfochten is.[7]

It tinkteken foar de Slach by Warns op Reaklif.

De bonken fan 'e sneuvele Hollanners en harren bûnsgenoaten út û.m. Seelân en Henegouwen waarden neitiid bedobbe op it tsjerkhôf fan Starum, dêr't de slach elts jier op Fryske Leaffrouwedei betocht waard, oant Joaris mei it Burd, de soan en opfolger fan 'e oermasterder Albrecht fan Saksen, dêr yn 1500 it near op lei.[1] Fan 'e Twadde Wrâldoarloch ôf wurdt de Slach by Warns op 'e nij betocht, by de offisjele Betinking fan de Slach by Warns, dy't elts jier op of omtrint 26 septimber holden wurdt op Reaklif, oan 'e Iselmarkust by Warns.[1] Op it Reaklif stiet sûnt 1951 in monumint ta oantinken oan de Slach by Warns dy't yn dy omkriten yn 1345 plakfûn hat. Dat bestiet út in 14 ton swiere stien op in fuotstik. Op 'e stien stiet de tekst: 1345 - leaver dea as slaef.[8]

Yn 'e Lette Midsiuwen wiene de doarpen Koudum en Himmelum plakken fan oansjen om't dêr de Galama's en de Epema's wennen, dat foaroansteande haadlingen wiene. Dat hie lykwols al fan gefolgen dat yn dy omkriten in protte fochten waard ûnder de partijskippen tusken de Skieringers en de Fetkeapers.[1] Ek yn 'e Saksetiid wie der noch striid yn Himmelumer Aldefurd. Sa waard Koudum noch yn 1515 ferwuostge troch de Saksyske binde dy't bekend stie as de Swarte Heap.[1]

Yn 'e santjinde en de achttjinde iuw spilen ferskate doarpen yn Himmelumer Aldefurd, benammen Koudum, Molkwar, Warns en Ealahuzen, in rol fan betsjutting yn 'e seefeart en de hannel op it bûtenlân, dêr't Hylpen doedestiden it sintrum fan wie. De bebouwing fan Molkwar by it wetter lâns is in oantins út dy tiid.[1] Oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw feroarsake de ôfnimmende skipfeart efterútgong en earmoede yn Himmelumer Aldefurd, mar in nije snuorje fan ekonomyske bloei waard ynlet troch in ferbettering fan 'e ôfwettering, dêr't mear greidlân langere tiid yn 't jier troch beskikber kaam. Yn dyselde tiid waarden ek ferskate marren drûchlein: de Starumer Mar, de Flait en de Heanmar. Omtrint 1835 waard beëasten De Fluezen de Grutte Noardwâldster Feanpolder stifte.[1]

Nei de Twadde Wrâldoarloch wie weromrinnende wurkgelegenheid yn 'e lânbou debet oan in sterke ûntfolking, dy't wer negative gefolgen hie foar it foarsjenningspatroan foar de oarbleaune doarpsbewenners. Allinnich Koudum wist yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw dy ynsinking te boppen te kommen. Tanimmende wettersport en rekreaasje brocht ek yn Ealahuzen mear wurk.[1] Mar de elektrotechnyske yndustry kaam yn Koudum, nettsjinsteande de heechspande ferwachtings dy't dêr om 1960 hinne oer bestiene, net ta ûntwikkeling.[1]

Utsjoch op Molkwar.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Himmelumer Aldefurd opheft. It grutste part kaam mei Warkum, Hylpen en Starum by de nije gemeente Nijefurd, wêrfan't de namme noch ferwiisde nei it 'Aldefurd' fan Himmelumer Aldefurd. Dit gebiet gie yn 2011 op yn 'e nije gemeente Súdwest-Fryslân. De âlde streek Noardwâlde, mei de doarpen Ealahuzen, Aldegea en Kolderwâlde, kaam yn 1984 mei de âlde gemeenten Gaasterlân en Sleat by de nije gemeente Gaasterlân-Sleat, dy't yn 2014 opgie yn 'e fúzjegemeente De Fryske Marren.[9]

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 jannewaris 1981 hie Himmelumer Aldefurd in befolking fan 4.899 minsken.[1] Dy wiene sa oer de doarpen yn 'e gemeente ferdield:[1]

doarp ynwenners
Koudum 2.550
Warns 777
Himmelum 546
Ealahuzen 317
Molkwar 307
Aldegea 259
It Heidenskip 96
Kolderwâlde 72

Himmelumer Aldefurd wie, krekt as de rest fan 'e Fryske Súdwesthoeke, lange tiid in bolwurk fan 'e Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke en de dêroan liëarre politike partij CHU.[1] Yn 1971 wie noch 61% fan 'e befolking herfoarme, wylst 20% grifformeard en 4,5% roomsk wie. Minnisten kamen yn Himmelumer Aldefurd benammen foar yn Warns en omkriten. Fierders bestie (yn 1971) 7,5% fan 'e befolking út ateïsten en agnosten.[1]

By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 60,7% fan 'e stimmen; de PvdA 15,2%; de VVD 9,6%; de FNP 7,2%; en D66 2,5%.[1]

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan Himmelumer Aldefurd 28,7% wurksum yn 'e lânbou (yn 1960 noch 43,5%); 27,7% yn 'e yndustry; en 38,3% yn 'e tsjinstesektor. It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 11,2% en foar froulju 11,6%.[10]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 1,19 1,20 1,21 1,22 1,23 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 32.
  2. 2,0 2,1 2,2 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1918.
  3. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1201-1202.
  4. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1920.
  5. 5,0 5,1 Wordt gemeentenaam H.O.N. straks Hemelumer Oldeferd?, yn: de Ljouwerter Krante, 31 jannewaris 1955, s. 5.
  6. 6,0 6,1 6,2 H.O.N. heeft afgedaan: het is nu Hemelumer Oldeferd, yn: de Ljouwerter Krante, 7 febrewaris 1955, s. 5.
  7. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2430.
  8. Weerbarstige Steen, yn: de Ljouwerter Krante, 25 septimber 1951.
  9. Gemeenteskiednis fan Nijefurd
  10. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 33.

 
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • It Bilt • Dantumadiel • Dongeradiel • Eaststellingwerf • Ferwerderadiel • Flylân • De Fryske Marren • Frjentsjerteradiel • Harns • It Hearrenfean • Kollumerlân • Littenseradiel • Ljouwert • Ljouwerteradiel • Menameradiel • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • Weststellingwerf
takomstige gemeenten
Noardeast-Fryslân (fan 2019 ôf) • De Waadhoeke (fan 2018 ôf)
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Lemsterlân (1851–2014) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)