Tsjerkhôf

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tsjerkhôf om de tsjerke fan Vladslo hinne
Tsjerke mei hôf yn Bedekaspel, East-Fryslân

In tsjerkhôf, hôf of hou is it begraafplak yn de hôf (tún of hiem) by in tsjerke dêr't de lichems fan ferstoarne persoanen begroeven wurde. Eartiids waarden alle deaden op it tsjerkhôf begroeven. Tsjintwurdich binne der grutte begraafplakken dêr't ek de urnen mei jiske fan kremearde lichems begroeven wurde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In moai tsjerkhôf hawwe bygelyks Stiens en Rinsumageast. Mooglik wie hjir eartiids in heidensk begraafplak, al as net by in timpel. Yn de midsiuwen krige it troch it begraven in grut plak. Ferskate wegen rûnen der hinne, tsjerke- en lykwegen. Op it tsjerkhôf jilde asylrjocht. It wie in wijd plak: ûnbekenden, net-doopte bern en selsmoardners mochten hjir net begroeven wurde. It tsjerkhôf wie 'befrijd' troch in wâl, letter muorre, in grêft of in stikelhage. Sa krige it in festingkarakter. Om it tsjerkhôf, binnen de ôfskieding, rûn in ringwei, in âld prosesjepaad fan 2-2,5 meter ('lykpaad', 'wanneling') dêr't de deaden oer droegen waarden. It tsjerkhôf wie lang ferlyn ek gearkomstplak en rjochtplak, dêr't dikke balstiennen in oantinken fan hâlde; letter noch boartersplak foar bern en blikke foar de froulju. Ek jiermerken waarden der hâlden.

Tsjerkhôfruster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de kûle dêr't it tsjerkepaad de ôfskieding fan it tsjerke krúste lei faak in houten ruster mei in draaikrús (tourniquet). Yn Stiens wienen der yn de 20e iuw noch oerbliuwsels fan te sjen. Yn de 16e iuw en letter wienen der noch tsjerkhôfrusters yn Grou, Jirnsum, Akkrum en Rinsumageast. Op dit tsjerkhôfruster waarden eden ôflein. It tsjerkhôfruster soe de duvel keare (en de bargen, en de slimste modder fan de skuon).

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: