Springe nei ynhâld

Lykwei

Ut Wikipedy
De Lykwei nei de tsjerke fan Augsbuert-Lytsewâld

In lykwei is de fêste wei wêr't de deaden oer droegen waarden. Al yn de Alde Fryske wetten waard hjiroer skreaun. De tradysje skreaun net altyd foar dat it it koartste paad wêze moast.

Yn meardere plakken is noch altyd in lykwei (Drachten, Oerterp, Koartsweagen), mar meastentiids is it in eigennamme wurden. Inkeld is dy namme net offisjeel fêststeld (Goutum, Buil).

Lykwei kin lykwols ek tsjutte op in lyk oandiel yn de ûnderhâldsferplichtingen' fan de wei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Haan Hettema - Oude Friese wetten II side 125
  • Beekman - D.W.R. II 1086
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Lijkweg.