Tsjerkepaad

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Tillefonne mei op de eftergrûn de Sint-Gertrudistsjerke fan Warkum

In tsjerkepaad is in paad dat nei in tsjerke rint.

Tsjerkepaden waarden benammen sneins brûkt om nei de tsjerke te gean, at der gjin gewoane wei tusken it wenplak en de tsjerke wie. Hast alle tsjerkepaden binne yn ûnbrûk rekke. Op guon plakken binne se noch, omdat se faak ek noch op in oare wize brûkt wurde.

Soms wurdt besocht in tsjerkpaad te herstellen. Faak moatte dan barten oer sleatten hersteld wurde, ôffredings makke wurde of oare foarsjennings makke wurde. It bart ek wol dat it paad oer in boerehiem rint. Yn sa'n gefal sil in rjocht fan paad fêstlein wurde moatte. Al mei al kin it herstellen in djoere grap wurde.

Foarbylden fan tsjerkepaden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: