Springe nei ynhâld

Barte

Ut Wikipedy

In barte, gonghout, hout of tilbarte is in ferpleatsber brechje sûnder lining oer in farwetter. It dek bestiet út twa houten lizzers mei planken. De barte kin oan de kant skood wurde as der in skip lâns komt. Soms wiene oan ien kant rôllen, dêr de brede barte oer tebek rôlje koe om skippen der troch te gean litten. By it laden fan fee yn skippen en frachtweinen brûkt men ek in barte.

De Bartesleat is in feart by Suwâld en komt út op it Prinses Margrietkanaal.