Suwâld

Ut Wikipedy
Suwâld
LocatieSuwald.png Lokaasje Suwâld
Flagge Wapen
Flagge fan Suwâld.gif Suwâld wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 633 (2021) [1]
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel flag.svg Tytsjerksteradiel
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 11′ NB 5° 56′ EL
Webside FB-side Doarpsbelang Suwald
FB-side Ald Suwâld
De himrik fan Suwâld yn Tytsjerksteradiel
Tsjerke Suwâld
De 'Schalkediep'

Suwâld is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súd fan Hurdegaryp en tsien kilometer súdeastlik fan Ljouwert op de râne fan de Fryske Wâlden. It doarp hie likernôch 622 ynwenners yn 2006. De bewenners wurde ek wol 'kanaäniten' neamd.

De namme komt fan suderwâld. It streekdoarp is ûntstien op in lange smelle sânrêch bewesten de Wide Ie. Oan beide kanten fan de sânrêch lei leechfean. It doarp komt al as Suethawald foar yn 1328 en as Zuwawald yn 1419. Yn de 12e iuw moat der al in tsjerkje stien hawwe.

Suwâld hat de earste sinnepont fan 'e wrâld, dizze pont mei de namme 'Schalkediep' fart oer it Prinses Margrietkanaal en wurdt in soad brûkt troch fytsleafhawwers. Yn it simmerseizoen fart hy alle dagen fan 11 oere oant 20.30 oere, sneins oant 18 oere. Oan it Prinses Margrietkanaal is in jachthaven foar passanten.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Suwâld hat in aktyf ferieningslibben, boppedat wenje der ferskate keunstners mei in eigen atelier dy't op ôfspraak foar de besiker ipen binne. Yn de buorren fan it doarp stean de restaurearre tsjerke en it doarpshûs de Suderfinne mei de jeugdsoas It Pypke. De doarpskrante hjit 'Mei Inoar'.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2021
Ynwenners 672 613 616 589 544 622 633

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Toanielselskip Suwâld 'Kom mar Op'
  • Oranjeferiening Suwâld
  • Gezellig Samen zijn - skake en damje
  • Keu's genoeg - biljerte
  • Pypkesjongers - Shantykoar
  • Sportferienings Suwâld: gymnastykferiening, follybalferiening, fuotbalferiening Suwâld

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Suwâld hie njonken de herfoarme tsjerke ek in grifformearde tsjerke (sjoch: Eben-Haëzer (Suwâld)). De grifformearde tsjerke waard yn 2000 ferkocht nei't de grifformearden en herfoarmen tegearre gyngen en docht tsjintwurdich tsjinst as wenhûs. Yn it ramt fan de foarming fan in PKN-gemeente krige de herfoarme tsjerke de namme fan foar de reformaasje werom.

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bernemienskip De Triangel (Prot.-kristlik)

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alde Lunewei, Aldemiede, Daniel Bouweswei, De Warren, Ds Oosterhuisstrjitte, Ds Pelstrjitte, Heechhiem, Louwsmarwei, Monnikenwei, Mostermûne, Noarderein, Symen Halbeswei, Suderein, Tsjerkebuert.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Flagge fan de gemeente Tytsjerksteradiel
Haadplak: Burgum
Doarpen en útbuorrens: AldtsjerkEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part) • GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part) • Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: