Eben-Haëzer (Suwâld)
Eben-Haëzer | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Tsjerkebuorren 53 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Earder tsjerkegebou; no wenhûs | |
boujier | 1864 |
Eben-Haëzer is de namme fan wat oant it jier 2000 de tsjerke fan de grifformearde gemeente fan Suwâld wie.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Eben Haëzertsjerke oan de Tsjerkebuorren waard boud foar de kristlik-grifformearde gemeente fan Suwâld. De earste stienlizzing foar de ienfâldige sealtsjerke mei in útbou oan de noardlike muorre waard op 12 july 1864 lein.
Skuorring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1892 gyng de gemeente ynearsten mei yn de feriening fan de ôfskieden en dolearjende tsjerke, mar op 20 july 1893 naam de gemeente ûnder lieding fan dûmny J.W. Draijer (1851-1894) ôfstân fan de feriene grifformearde tsjerke. Tegearre mei de tsjerkeried in it grutste part fan de gemeente kearde de dûmny werom nei de fuortsette Kristlike Grifformearde Tsjerke. De minsken dy't harren net fine koene yn de skuorring tsjerkten ynearsten yn in skuorre. Dûmny J. Kooi (1848-1925) út Burgum naam de pastorale soarch op foar de pear grifformearden dy't yn Suwâld efterbleaune. Letter tsjerkten de Suwâldster grifformearden yn Oentsjerk en troch de wike kamen hja mei jimmeroan mear minsken tegearre yn Suwâld. Somtiden sletten kristlik-grifformearden har oan. Dêrfoar oer woeks ek de kristlik-grifformearde gemeente troch't guon út de omkriten fan Suwâld harren oansletten by de fuortsette Kristlike Grifformearde Tsjerke[1] Troch't de kristlik-grifformearde gemeente in skeel krige mei de kristlik-grifformearde Synodale Kommisje sleat it grutste part fan de gemeente har yn 1899 wer by it ferbân fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân oan. In lytse kristlik-grifformearde gemeente bleau efter en wist it bestean noch oant 1939 te rekken, doe't de kristlik-grifformearde gemeente opheven waard.[2]
De opheffing fan de grifformearde gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tidens it Samen op Weg-proses waard by it tegearre gean fan de herfoarmen en grifformearden keazen foar de âlde herfoarme tsjerke. Eben Haezer waard ôfstjitten en nei de lêste tsjinst yn febrewaris 2000 ferkocht oan in partikulier. De tsjerke waard fuortendaliks dêrnei yn gebrûk nommen as wenhûs.[3]
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de grifformearde tsjerke stie in monumintaal oargel út 1787 fan Westfaalske komôf. Oarspronklik wie it ynstrumint nei alle gedachten boud foar in Dútske kleastertsjerke. Om 1886 krige it oargel in plak yn de grifformearde Plantaazjetsjerke fan Amsterdam. Yn 1931 waard it instrumint troch de grifformearde tsjerke fan Suwâld oernommen en troch Flentrop Oargelbouw wer opboud. Nei in ôfskiedskonsert op 29 maaie 1999 waard it oargel ôfbrutsen en opboud yn de Maranthatsjerke fan Alfen oan de Ryn. Mei de ferhûzing fan it oargel nei Alfen oan de Ryn gyng foar Fryslân in ryksmonumint felern.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|