Jistrum
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Tytsjerksteradiel | ||||
Ynwennertal (2019) | 905 | ||||
Webstee | http://www.jistrum.nl |
Jistrum is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, noardeast fan de Burgumer Mar, yn in kûlisselânskip yn de Fryske Wâlden. Jistrum leit oan it Fryske Wâldenpaad. Yn it súdwesten is it doarp mei de Burgumer Mar ferbûn troch de Jistrumer Opfeart. De westgrins fan de himrik wurdt foarme troch de Kûkhernster Feart en it Knillesdjip is de súdgrins.
Fan 1989 ôf is de offisjele namme Jistrum yn 't plak fan Eestrum. It noarlik part fan de buorskip Skûlenboarch heart ek ta it doarp.
Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De namme Jistrum/Eestrum wurdt yn ferbân brocht mei 'ies' ('es') en 'hiem'. It doarp hie yndertiid trije iezen oan wjerskanten fan de hjoeddeiske Ieswei: de Ies, it Koartlân) en de Gjisten. Yn de 17e iuw kamen de Oegekamp en de Eastlike Fjilden dêr noch by.
Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Sint-Petrustsjerke (Jistrum).
De protestantske Sint-Petrustsjerke datearret fan de 13e iuw, al yn ± 1230 melding makke wurdt fan de tsjerke as eigener fan greide yn de mieden. It is in gebou yn romaanske styl mei goatyske finsters. Opfallend binne de lytse rútsjes yn it skip fan de tsjerke, dy't ek wol leproazerútsjes neamd waarden. Boppe op de toer stiet in wynwizer yn 'e foarm fan in hynder. De tsjerke hat in monumintaal oargel út 1710-1720, dat earder yn de grifformearde tsjerke hong.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Pleatslik belang set him yn foar de belangen fan Jistrum/Skûlenboarch. Sûnt 2005 hat Jistrum wer in muzykkoepel. Oant de jierren fjirtich stie yn it doarp ek in koepel, mar dy is doe fuorthelle omdat er bot fertuteaze rekke wie. De Finne is de basisskoalle fan it doarp.
Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De eardere herfoarme Sint-Petrus- of doarpstsjerke, tsjintwurdich PKN-tsjerke
- De eardere grifformearde tsjerke (tsjintwurdich tsjerklik ferieningsgebou)
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Joost Wiersma - fanfare
- Fuotbalferiening Jistrum. It fjild en de kantine lizze oan de Fjildwei.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De histoaryske befolkingsûntjouwing fan Jistrum:

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Achterwei, Buorrefinnewei, Buertleane, De Geasten, De Meren, Fjildwei, Heidewei, Hessel Loonstrastrjitte, Ieswei, Joost Wiersmawei, Koaiwei, Marwei, Miedwei, Ryksstrjitwei, Rûnhof, Skoallestrjitte, Tillepaad, Tillewei, Wyldpaad.
Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Line 13: Stienwyk - Eesfean - Nijensleek - Frederiksoard - Willemsoard - Noardwâlde - Sânhuzen - Aldeberkeap - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Lippenhuzen - De Gerdyk - Terwispel - Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Hurdegaryp - Tytsjerk - Ljouwert
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|