Springe nei ynhâld

Hagioskoop

Ut Wikipedy
Hagioskoop yn de súdmuorre fan de tsjerke fan Jistrum

In hagioskoop is in lytse iepening yn Midsiuwske tsjerken boppe de flier oan of by it koar mei sicht op it altaar. It wurdt ek leproazefinster, deadeljocht, sakremintsfinster en skwint neamd. Hagioskopen binne te finen by tsjerken yn Eastergoa ( Blije, Eanjum, Hantumhuzen, Hegebeintum, Jannum, Jistrum, Rinsumageast, Ternaard, Wetsens). Wierskynlik wie it gat bedoeld om minsken, dy't om watfoar reden dan ek de tsjerke net yn mochten, it sakramint sjen litte te kinnen, of om as de tsjerke ticht wie de mooglikheid te jaan om reliken te ferearjen.

Minsken dy't brûk makken fan de hagioskoop kinne siken (besmettingsgefaar, lepra), ekskommunisearden of geastliken dy't gjin kontakt mei oaren hawwe mochten, west hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyklopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Hagioskoop.