Sânhuzen (Weststellingwerf)

Ut Wikipedy
Sânhuzen (Weststellingwerf)
Himrik fan Sânhuzen (Weststellingwerf)
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2008) 339
Huzen 147
Koördinaten 52° 54' NB, 6° 9' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8389
Webstee {{{webstee}}}
Sânhuzen

Sânhuzen (Stellingwerfsk: Zaandhuzen), huzen op it sân, is in lyts esdoarp yn de gemeente Weststellingwerf. It doarp leit ten noarden fan Noardwâlde oan de N353 nei Aldeberkeap. Yn it doarp wenje sa'n 333 minsken.

Sânhuzen is wierskynlik ûntstien tusken 1000 en 1100 en is yn dat gefal ien fan de âldste doarpen yn de regio. Hja tinke dat Sânhuzen yn dy tiid in úthof wie foar muontsen út it kleaster Klaarkamp út Rinsumageast, by Dokkum.

It doarp is in snoer-iesdoarp. Underdiel fan Sânhuzen is It Reade Doarp dat yn 1920 boud is. Yn it Reade Doarp steane hierhuzen mei grutte stikken grûn der omhinne. Dêr hat eartiids grif de earste tsjerke fan it doarp stien. Om it tsjerkhôf moat yn de 12e iuw in grêft rûn hawwe.

De Bekhoftille wie eartiids in plak om oer De Lende te kommen, en lei op de rûte fan Drinte oer Boyl, Boekelte en Aldeberkeap nei Fryslân. Der wie yn de 17e iuw in skâns tsjin de troepen fan de biskop fan Munster, de romrofte Bommen Bearend. It is eigendom fan It Fryske Gea. Oan de Madenwei-Bekhofwei is in djip sângat út 1068. De oanplante bosk om de put wurdt beheard troch Steatsboskbehear.

Natoerreservaat De Battens is in gebiet fan stripen en tichtgroeide petgatten út de tiid fan de feanterij, de twadde helte fan de 19e iuw. It wurdt beheard troch Steatsboskbehear.

Sânhuzen is it wenplak fan âld-steatssiktaris Geke Faber en har man Hero Werkman, ek âld-politikus.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aldeberkeaperwei, Bekhofwei, Frijheidswei, Ikenwei, It Reade Doarp, Liemwei, Meuleveldwei, Sânhuzerwei, Skâns, Skieppedrift.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
Flagge fan de gemeente Weststellingwerf
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)