Springe nei ynhâld

Rysberkampen

Ut Wikipedy
Rysberkampen

Rysberkampen (earder: Riseperkampen; Stellingwerfsk: Riesberkaampen; Nederlânsk: Rijsberkampen) is in buorskip yn de gemeente Weststellingwerf. Rysberkampen leit beëasten Elslo en noardeastlik fan Boyl en heart ta de himrik fan Boyl. Om 1850 hinne hie er 9 huzen en 60 ynwenners.

Eartijds stie hjir in nôtmole dêr't de mealstien fan noch op ien fan de pleatsen is. De ies fan Rysberkampen is in mearstrokige streifen-es. Dêrtroch binne der ferskate persielen dy't yn ferskillende rjochtingen rinne mei fjildnammen as Dwersikkers en Kromikkers. By de Molepôle, rint de útwreiding fan de bou wat ûngelyk yn de heide op. Nei it easten ta, rjochting it rivierke 'De Volle Riete', leine om 1830 hinne de greide- en healannen fan de boeren.

Weststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
· · Berjocht bewurkje