Pepergea

Ut Wikipedy
Pepergea
Himrik fan Pepergea
gemeente Weststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 20
Ynwenners (2017) 85
Huzen 35
Koördinaten 52° 50' NB, 6° 3' EL
Netnûmer 0561
Postkoade 8396
Webstee www.deblesse-peperga.nl

Pepergea is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, súdlik fan Wolvegea by de A32. It doarp hat likernôch 85 ynwenners. Kenmerken binne frijsteande wenten, buorkerijen, lannerijen, inkele bedriuwen en in tsjerke. In buorren ûntbrekt. Mei har 90 ynwenners (1 jannewaris 2008) stie it doarp op in twadde plak yn de list mei minste ynwenners yn de gemeente. Der binne 35 wenten/pleatsen te finen dêr't de measten fan oan de Pepergeawei stean.

Pepergea leit oan de A32 tusken Wolvegea en Stienwyk, en is fan dy plakken ôf fia de snelwei goed berikber. Ek it iepenbier ferfier jout goede oanslutings op ûnder oare de treinferbining Swol-Ljouwert. Busline 26 fan ferfierder Qbuzz biedt haltes op rinôfstân.

Ferklearring namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monumint Pieter Stuyvesand

Men soe tinke kinne dat de namme komt fan de speserij piper, mar fanwege it feit dat op gjin inkele wize in link te lizzen is mei dit krûd, hat men nei in bettere ferklearring socht. It blykt dat yn it ferline “peper” in guon plakken de folkske beneaming foar “mattebiis” west hat. Dit gewaaks groeide lâns de rivieren, wêrûnder de Linde, dy't lâns Pepergea streamt, en hie in grutte betsjutting troch it brûken foar byn- en flechtwurk om stuollen te matsjen of it frisseljen fan tassen en kuorren. Yn Noardwâlde wie de rotanyndustry destiids yn folle bloei. De tafoeging "gea" betsjut safolle as "lânskip" of "streek", wêrtroch't it gehiel stiet foar "lânskip fan bizen" of" of "bizestreek". Yn âlde geskriften wurdt de namme fan it berteplak fan Pieter Stuyvesant, in gûverneur-generaal fan it hjoeddeiske New York, skreaun as Peperghoe.

It spoar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1865 waard begûn mei de oanlis fan it spoar tusken Swol en Ljouwert, dy't troch Pepergea kaam te lizzen. Dizze spjalte it doarp suver yn twaen. In oantal jierren letter waard besletten it gedielte Spoarleane, fan de Ryksstrjitwei ôf (Stienwikerwei) oant it spoar, tenei by De Blesse te rekkenjen. Dizze splitsing is ein jierren tachtich nochris ekstra fersterke doet de snelwei oan de eastkant fan it spoar oanlein waard.

Oant 5 jannewaris 1941 hie Pepergea in eigen treinstasjon dat op 15 jannewaris 1868 yn gebrûk nomd waard. Stasjon Pepergea waard neist passazjiersferfier brûkt foar it eksportearjen fan rotan út Noardwâlde. Yn de jierren santich waard it stasjon ôfbrutsen. Tsjintwurdich is it stee oanjûn troch in trafostasjon fan de Nederlânske spoarwegen.

Piter Poat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bekendste ynwenner dy't Pepergea ea hân hat, is Piter Stuyvesant, ek wol bekend as Piter Poat fanwege syn houten skonk. Hy wie de stifter fan it hjoeddeiske New York en de Boppewynske Eilannen. Fuort nei it fiadukt fan de snelwei stiet in monumint fan him, in swerfstien wêrop it model fan it schip monteard is wêrmei't hy Amearika berikte. Wat fierder stiet in Nederlânsk Herfoarme Tsjerke út 1517. Neffens in soad minsken ien fan de moaiste tuorren yn Fryslân út dy tiid. Troch in brân yn 1808 is it tsjerkegebou efter de toer yn 1810 werboud. De tsjerke is in jier letter yn partikuliere hanne komd en wurdt dêrom net mear brûkt. It gebou en in oanwêzige oargel binne yn 1969 ta ryksmonumint ferklearre. Skean foar de tsjerke oer stie om 1600 hinne de pastorije wêr't Piter Stuyvesant berne is en in grut part fan syn jeugd trochbrocht hat, yn de tsjerke is hy doopt troch syn heit dy't dêr destiids dûmny wie.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke fan Pepergea
  • Monumint ta neitins oan de bysûndere histoarikus Pieter Stuyvesant, dy't hjir berne is.
  • Bysûndere tsjerke út de 16e iuw, dy't op de list fan ryksmonuminten stiet.
  • De âlde soarbrêge oer De Linde, in ryksmonumint
  • Catspolder tichtby Lendefallei
  • Grûnwettermeter by de Lendefallei

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pepergea hat op 10 desimber 1864 tegearre mei De Blesse in doarpsferiening oprjochte mei de namme Pleatslik Belang De Blesse-Pepergea “ta Nut en Genoegen”, en bestiet út fjouwer kommisjes: Feestkommisje, Oranjekommisje, Aldjierskommisje en Behearkommisje.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boppewei, Bûtenwei, Domeinenwei, Ingelskesteech, Heidewei, Oerbuorren, Pepergeawei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
Flagge fan de gemeente Weststellingwerf
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)