Rykswei 32

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "A32")
Gean nei: navigaasje, sykje
A32
Langte: 63 km
Kaart
RW32Locatie.png

De Rykswei, ek A32, is in autodyk, fan Meppel oer It Hearrenfean nei Ljouwert.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste fak dat iepene waard wie 31 desimber 1953 fan Knooppunt It Hearrenfean oant Haskerdiken. Yn de rin fan 50 jieren binne ek de oare parten iepensteld. Yn 2000 waard it Knooppunt It Hearrenfean fan in rotonde feroare yn in klaverblêd.

Knooppunten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De A32 begjint by it Knooppunt Lankhorst dêr't er oanslút op de A28 nei it suden, nei Swol. By It Hearrenfean leit tusken ôfslach 12 en 13 it Knooppunt It Hearrenfean, mei ferbining mei de A7, nei De Jouwer en nei Drachten. De A32 eindiget by Wurdum, dêr't de wei as de N32 fierder giet nei Ljouwert.

Ofslaggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Meppel-Súd
  2. Meppel
  3. Meppel-Noard
  4. Havelte
  5. Havelterberg
  6. Stienwyk
  7. Stienwyk-Noard
  8. Wolvegea
  9. Teridzert
  10. It Hearrenfean-Súd
  11. It Hearrenfean
  12. It Hearrenfean-Sintrum
  13. Akkrum
  14. Grou
  15. Reduzum

Akwadukten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Akkrum nei Grou giet de A32 ûnder twa akwadukten troch. Earst it Leppe-akwadukt foar de Boarn en dan it Akwadukt Mid-Fryslân foar it Prinses Margrietkanaal.