Springe nei ynhâld

Ring Snits

Ut Wikipedy

De Ring Snits of de rûnwei fan Snits is de ringwei om de stêd Snits hinne.

Yn 1965 waard der buorkundich makke dat in jier letter úteinset wurde soe mei it bemachtigjen fan grûn foar in súdlike rûnwei om Snits. De dei fan opleverjen wie pland yn 1971 mar rûn út ta 1975. Dêrby waard oanmurken dat Rykswei 43 yn fiif jier tiid omboud wurde soe ta in nije autogongwei. Oant dy tiid tsjinne de Stedsrûnwei-Súd in dûbele funksje as stedsrûnwei en rykswei. Dêrmei waard besletten dat de oergong fan it spoar fan Ljouwert nei Starum op likese hichte útfierd wurde soe.

Twa jier letter bliek dat it regear yn it Struktuerskema Ferkear en Ferfier de nije autodyk net foar 1990 oanlizze woe. Dêrop stjoerde de gemeente Snits in brief nei it regear. Yn 1980 waard der yn de Twadde Keamer oer de ferkearsitewaasje sprutsen, mar sûnder in streekrjochte resultaat. It CDA bleau oantrunen op it ferbetterjen fan de ferkearstastân besuden Snits en minister Tuijnman liet in ûndersyk ynstelle nei de mooglikheden ta it oanlizzen fan in autodyk.

Yn de Nota Optimalisearring Stedsrûnwei Snits (1987) waard fêststeld dat it oerstekken fan fytsers tusken de omlizzende wenwiken ferbettere wurde koe troch it oanlizzen fan fjouwer fytstunnels, sa de hjoeddeistige Tinga-tunnel en Lemsterweitunnel. De kosten dêrfan bedroegen 8 miljoen gûne.

Minister Maij-Weggen skraste de A7 út it SVV-II om't it net paste by it regearsbelied om it autoferkear werom te kringen. Yn 1993 kaam it oanlizzen fan de A7 op it trajekt fannijs op it aljemint troch it ynmingen fan Deputearre Steaten. Lang om let kaam der in traseewetstúdzje nei it oanlizzen fan de autodyk. Yn 1996 bliek dat der alve alternativen wiene, dêr't in tal fan oanbean waarden oan de belutsen ministers. Yn 1997 gie it traseebeslút in ynspraakproseduere yn.

Yn 2000 waard besletten om it trajekt fan de Rykswei & oan te passen. Bewesten de Geau komt in nij trasee, it eastlike part, oan oare kant fan de rivier, sil oer it trasee fan de âlde Stedsrûnwei-Súd rinne. Der wie lykwols noed dat de ûntsluting fan de wenwiken efterút buorkje soe en de befolking wie net lyklûdich posityf dêroer. De minister naam doe in posityf beslút ta it ferbouwen fan it trajekt. Der komme nije weidielen (op in foar in part nij trajekt), rotonden en ôfritten rjochting de wenwiken. Der sille twa tunnels oanlein wurde, it Houkesleat Akwadukt en it Akwadukt De Geau (ta ferfanging fan de brêgen). Foar it ûntsluten fan de wenwiken waarden der twa markante houten brêgen, Krúsrak en Duvelsrak, oer de dyk hinne boud. De ôfritten hawwe nûmers tusken 20 en 22 fan súdwest nei súdeast.

Hjoeddeistige tastân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ring Snits waard sûnt 2011 de namme foar de folsleine ringwei om Snits hinne. Mei de klok mei fan it noarden ôf, bestiet de Ring út: N354 mei oansluting rjochting Ljouwert, Houkesleat Akwadukt, oansluting op de N7/A7, de houten brêgen Krúsrak en Duvelsrak, it Akwadukt De Geau, oansluting oer de State As (bewesten de stêd) op de Pophoarnsterbrêge en Stedsrûnwei-Noard. Op it folsleine trajekt jildt in maksimumfaasje fan 80 km/o en is part fan de N354. Dêr't it trajekt oer de A7 rint, is de autodyk in autowei (N7) dêr't ek in maksimumfaasje fan 80 km/o jildt.

Noard
Ysbrechtum/De Harste
Skuttersfjild
De Lotten
Swette
Skearnegoutum, Ljouwert N354, Ljouwerterwei
Begjin trajektdiel N354
East
Pasfear
Offenwier, Aldfeart
Houkesleat Akwadukt
Toppenhuzen
De Jouwer, Grins A7, Yndustryterrein Houkesleat I
22 Boalsert N354 N7
Súd
Begjin trajektdiel N7
21a Yndustryterrein Wâldfeart
21 De Hommerts, Wâldsein N354, Lemsterwei
Ein trajektdiel N354
Akwadukt De Geau
20 Drylts, Snits-West
Ein trajektdiel N7
West
Wagenmakerstrjitte, Drylts
Ysbrechtum, Snits-Sintrum, Stasjon Snits
Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits
· · Berjocht bewurkje