Springe nei ynhâld

Ringwei

Ut Wikipedy
Boulevard Périphérique om Parys hinne

In ringwei, ek wol bypass neamd, is in dyk, dy't as in ring om in bepaald gebiet hinne rint. Ringwegen soargje foar fluggere trochstream fan it ferkear en ûntsluting fan de gebieten dy't se omslute.

De begripen rûnwei of rânewei betsjutte net alhiel itselde as in ringwei. Wol gauris wurdt it begryp "ringwei" dêrfoar ûnterjochte brûkt. It giet om in rûte dy't by de bûtenrâne fan in stêd of doarp del rint. In rûnwei hoecht in stêd of doarp ek net altyd alhiel te omsluten, want se tsjinje ynearsten om it ferkear bûten de kearn te hâlden. In oar wurd foar rûnwei is tangint.

Yn Fryslân hawwe de stêden Ljouwert en Snits in ringwei. Ek de rûnwei fan Frjentsjer kin as in ringwei beskôge wurde.

Bûten Fryslân binne bekende ringwegen, dy fan Amsterdam, Grins, Brussel, Parys, Berlyn, Londen en Washington D.C.

De Ring Grins
Outer Ring Road (ORR) by Haiderabad
Knooppunt op de Grutte Ring yn Brussel
File op de M25 by Londen
De Tredde Ringwei yn Moskou
Berliner Ring
Sydney Orbital Network
Anillo Pereferico yn Meksiko-Stêd

Bûten- en binnenring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ek plakken dy't mear as ien ringwei hawwe. Gauris wurde dy oantsjutten as binnenring of bûtenring. Yn Belgje en Frankryk hawwe dy lykwols oare betsjuttings, en hawwe dy mei de rydrjochting te krijen. Dêr wurd de binnenring, fan de stêd of plak ôf sjoen de binnenste baan, dy't dus it tichtste by it sintrum leit, mei bedoeld, en de bûtenring be bûtenste baan. Yn Nederlân betsjut de bûtenring de bûtenste ringwei en de binnenring de ringwei dy't it tichtst by it sintrum leit. De Ring Amsterdam, ofwol de A10, wurdt suver wol as de binnenring fan Amsterdam sjoen, wylst de A9 as de bûtenring, om't dy fierder bûten de stêd as in wide bôge om de stêd rint (eins mear in rûnwei). Dêrnjonken hat Amsterdam noch in lytsere ring, de sintrumring (Stedsrûte S100). Ek de hjoeddeistige Ring Ljouwert kin suver as in binnenring sjoen wurde, wylst de Heak om Ljouwert en de Noardwesttangint Ljouwert as in bûtenring tsjinje.

Grutte en lytse ringen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Belgje wurde sokke ringen as grutte en lytse ringen oantsjutten. De stêd Brussel hat twa folsleine ringen om de stêd hinne: de Grutte Ring (R0) fan 75 km, dy't om it Haadstêdlik Gewest Brussel rint en de Lytse Ring (R20) (Petite Ceinture) dy't om it sintrum fan Brussel rint. Fierder is der de Middenring (R21) (Grande Ceinture), dy't net in folsleine ringwei is, dy't tusken de lytse en grutte ring leit.

Sintrum- en parkearringen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ringwei yn it sintrum wurdt yn Nederlân oanjûn as in "sintrumring". Sokke ringwegen yn de stêd binne almeast gjin autodyk.

In "parkearring" is in ûte dy't de parkearplakken om it sintrum hinne ferbynt.

Mei útsûndering fan de Ring Amsterdam, dy't de hiele A10 beslacht, hawwe de ringwegen yn Nederlân gjin eigen nûmers. Yn Belgje en in soad oare lannen hawwe de ringwegen harren eigen nûmers.

Wichtige ringwegen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare wichtige ringen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Bronnen, noten en/of referenties op dizze side.