Heak om Ljouwert

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


De Heak om Ljouwert is in ferlizzing fan Rykswei 31 tusken de ein fan de A31 by Marsum en it begjin fan de Wâldwei by it knooppunt Werpsterhoek.

Yn 2008 leit dizze ferbining noch fuort ten suden en westen fan Ljouwert, wat soarget foar ferkearsopstoppingen yn de spits troch ferminging fan trochgeand ferkear mei ferkear dat de stêd yn en út giet. Boppedat rint de wei no dwers troch it gebiet wêr't de kommende jierren wurke wurdt oan it nije stedsdiel De Súdlannen, dat ûnderdiel is fan de ferstêdlikingsopjefte oant 2020 dy't Ljouwert steld is troch it Ryk en de provinsje Fryslân.

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1997 is troch Rykswettersteat, de provinsje Fryslân, it stedsgewest Ljouwert en de Gemeente Ljouwert in stúdzje starten nei de ferkearssituaasje om Ljouwert hinne. Ien fan de konklúzjes fan dit rapport wie dat it oanlizzen fan in nije autosnelwei essinsjeel is yn it oplossen fan de problemen by de ferkearsôfwikkeling op de Rykswei 31. Nei oanlieding fan in ferkenningenstúdzje hat de minister fan Ferkear en wettersteat yn oktober 2001 de regio grien ljocht jûn foar in planstúdzje, dy't úteinlik resultearre hat yn in oantal mooglike trasees.

Yn novimber 2006 is troch de minister fan Ferkeer en Wettersteat, op basis fan de Trajektnota/MER, de ferskillende ynspraakreaksjes en it advys fan Rykswettersteat Noard-Nederlân, de gemeenten Littenseradiel, Menameradiel, Ljouwert en de provinsje, in foarkar útsprutsen foar it Midden-east alternatyf, dat sûnttiid fierder útwurke is.

Traseebeslút[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It traseebeslút sil begjin 2009 nomd wurde. Hjirfoar wurde noch ferskate farianten bestudearre, mar sa goed as seker is dat de nije wei begûn wurde sil by de oansluting fan de A31 mei de N383 by Marsum, en by Werpsterhoek oanslút op de A32.

Foar de krusing mei it Van Harinxmakanaal is in akwadukt pland. By Werpsterhoeke soe om 2010 hinne it nije Stasjon Ljouwert Werpsterhoeke mei transfearium ferrize moatte. De nije westlike ynfalsrûte fan Ljouwert, ek mei in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal, sil ek oanslute op de Heak om Ljouwert.

Neffens de besteande planning sil begjin 2010 begûn wurde mei de oanlis fan de Heak om Ljouwert en de byhearrende keunstwurken.

Protesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al hawwe in soad minsken baat by in ferbettering fan de ferkearssituaasje oan de súd- en westkant fan Ljouwert, bestiet der ek al jierrenlang ferset tsjin de plannen foar de Heak om Ljouwert, benammen út de hoeke fan natoer- en miljeuorganisaasjes en ynwenners fan omlizzende doarpen. Dy bestride it nut fan de Heak en de útwreidingsplannen fan Ljouwert op de langere termyn en wize op de ûnwerstelbere skea dy't de natoerwearde fan it lânskip ten suden fan Ljouwert oandien wurdt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]