It Krúsrak
Appearance
(Trochferwiisd fan Krúsrak)
It Krúsrak is in houten brêge oer de A7 by Snits. De brêge waard op 15 april 2009 iepene. It hout is coate mei in glêd laachje, sadat de smoargens der maklik ôf spielt. It wûn yn 2010 de houtynnovaasjespriis, takend troch Centrumhout.nl. It is de earste houten brêge dêr't ûnbeperkt frachtweinen oer ride meie. Hy is oplutsen út ferlime houten eleminten, allinnich it weidek is fan stiel. De brêge mei in oerspanning fan 32 meter, 12 meter breed en 16 meter heech, is in ûntwerp fan de Ljouwerter arsjitekt Hans Achterbosch, yn gearwurking mei it Ljouwerter arsjitektekantoar Onix yn Grins. Ein 2010 kaam in ein fierderop noch in (wat smellere) houten brêge te stean.