Springe nei ynhâld

Stasjon Snits

Ut Wikipedy
Stasjon Snits
station Sneek
Stasjon Snits (2007)
Stasjon Snits (2007)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Dr. Boumaweg
koördinaten
arsjitektuer
stasjonskoade Sk
type Standerttype Snits
iepening 16 juny 1883
arsjitekt M.A. van Wadenoijen
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 514104
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Spoar fan Ljouwert nei Starum
Stasjon Snits (2023)
Stasjon Snits (2023)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Snits (Snits)
Stasjon Snits

Stasjon Snits is it stasjon yn de stêd Snits. It stasjon is iepene tagelyk mei de iepening fan it earste part fan it spoar fan Ljouwert nei Starum (16 juny 1883). Snits wie doe noch it einpunt. Twa jier letter, op 8 novimber 1885, wie it spoar oan Starum ta klear.

It stasjonsgebou fan Snits is net unyk yn syn soarte. It stasjonûntwerp wurdt ek wol Standerttype Snits neamd en waard yn de jierren 80 fan de 19e iuw brûkt foar fiif Nederlânske spoarstasjons. Hjirfan binne noch trije oer. De oerkaping fan dit stationstype wie foar elk stasjon lyk. Korintyske pylders fan getten izer ûnderstypje in houten kape, dy't de lingte fan it gebou beslacht.

Yn 1921 waard in ferbiningsbôge oanlein tusken Stasjon Snits en de Tramline Snits - Boalsert fan de Nederlânske Tramwei Maatskippij, dat frachtweinen fia de tramline trochfierd wurde koenen. Dy tramline waard nei 1947, neidat it stasjon oan de tramline ferfallen wie, fia it emplassemint fan it NS-stasjon betsjinne. De tramline waard yn 1968 opheft en koart dêrnei opbrutsen.

Yn de jierren sechtich krige de is it stasjon ferboud. Der kaam in luif oan de foargevel, nei de winst en styl fan dy tiid. Ek is doe de houten kape fernijd/renovearre.

Hast alle stasjons yn de noardlike provinsjes hawwe tsjintwurdich gjin stasjonfoarsjennings mear, dy fan Snits ek net. Nei sluting fan it loket en stasjonsrestauraasje Het Station (noch yn de tiid fan de NS), hat it gebou in skoft leech stien. De nije spoarferfierder (NoordNed, tsjintwurdich Arriva) hie gjin belangstelling foar it weriepenjen fan in loket yn it gebou.

Yn july 2004 is it gebou, datearjend fan 1882, restaurearre, dêr't ûnder oare de ûnsjogge 'jierren 60-luifel' by weihelle is. Dêrnei fêstige it Nasjonaal Modelspoar Museum him yn de destiidske stasjonsrestauraasje. It museum waard op 29 jannewaris 2005 iepene troch de destiidske kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân en treinleafhawwer Ed Nijpels. Yn it gebou siet ek de Taksysintrale Snits, dy 't yn dy tiid it loket weriepene hat.

Yn 2007 waarden plannen útskreaun foar de ûntwikkeling fan Stoom Stêd Snits, in pretpark om it tema 'stoom'. Underdiel hjirfan wie ûnder mear de stoomtrein Snits-Starum; de line soe eksploitearre wurde troch de Fryske Stoomtrein Maatskippij (FStM). Stoomstêd siet fuort súdwest fan stasjon Snits; it hie medio 2012 iepen moatten, mar it is der net fan kaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Spoarstasjons yn Fryslân
Hjoeddeiske stasjons: Akkrum | Bûtenpost | Deinum | Drylts | Dronryp | Feanwâlden | Frjentsjer | Grou-Jirnsum | Harns | Harns-Haven | It Hearrenfean | Hylpen | Hurdegaryp | Koudum-Molkwar | Ljouwert | Ljouwert-Kammingabuorren | Mantgum | Snits | Snits-Noard | Starum | Warkum | De Westereen | Wolvegea
Eardere stasjons (Steatslinen): Ljouwert - Achter de Hoven | It Hearrenfean-Iisstadion
Takomstige stasjons (Steatslinen): Ljouwert-Werpsterhoeke
· · Berjocht bewurkje