Stasjon Akkrum
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Stasjon Akkrum (Akm)
Spoarstasjon Akkrum leit oan it spoar fan Swol nei Ljouwert. It stasjonsgebou waard set yn 1867 en it stasjon waard iepene op 1 septimber 1868.
Yn septimber 2006 waard troch NS Vastgoed oankundige dat it hjoeddeiske gebou (út 1973) troch in feiling by iepenbiere ynskriuwing ferkocht wurde sil.
Ferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Ien kear per oere de yntercity nei Swol - Amersfoort - Amsterdam Sintraal, dizze stoppet oant Swolle op alle stasjons. (Yn de jûnspits oanfold mei in ekstra yntercity oant Swol.)
- Ien kear per oere de Yntercity nei Ljouwert, dizze stoppet ek yn Grou-Jirnsum. (Yn de moarnspits oanfold mei inkele ekstra treinen.)