Akkrum

Ut Wikipedy
Akkrum
Buorren
Buorren
Emblemen
Akkrum flag.svg               Akkrum wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 3.310 (2022) [1]
Oerflak 11,92 km²
lân: 11,18 km²
wetter 0,73 km²
Befolkingsticht. 296 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Heerenveen flag.svg It Hearrenfean
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 02' N 5° 50' E
Offisjele webside
akkrum.net
Kaart
Akkrum (Fryslân)
Akkrum

Akkrum is in doarp yn it noardwesten fan de gemeente It Hearrenfean. Akkrum foarmet tegearre mei Nes in twillingdoarp.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Akkrum is tusken 525-725 ûntstien op in terp besuden De Boarn en is de dyk bylâns fierder woeksen. Om 1500 hinne is it âlde Akkrum delbaarnd, mar it is wer opboud. Yn likernôch 1860 waard hjir de earste reedmakkerij fan Nederlân stifte: Steamreedmakkerij Ruiter.

It âlde gemeentehûs fan Utingeradiel

Akkrum wie oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 it haadplak fan de gemeente Utingeradiel. Dêrnei wie Akkrum in doarp yn de gemeente Boarnsterhim en nei opheffing fan dy gemeente op 1 jannewaris 2014 waard it doarp by de gemeente It Hearrenfean yndield.

Ferhaal oer it ûntstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Akkrum komt wierskynlik fan op de akker of it hiem fan Akker. Yn in reuzeteltsje binne twa reuzen de Boarn oan it graven. As de iene efterom sjocht stint er: "A, krom". Dêrfandinne de namme Akkrum en ek de Kromme Knilles. Jan de Wit makke nei oanlieding fan it teltsje foar Akkrum in keunstwurk fan de twa reuzen, dat oan It Stalt stiet.[2]

Kleaster Ealsum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Kleaster Ealsum.

Justjes benoarden Aldskou lei yn de midsiuwen it tsjerkedoarp Ealsum oan de Boarn; no is it in buorskip. Koart nei 1400 is dêr it dûbelkleaster 'Maria's hûs yn Bethlehem' stifte fan de tertsjarissen of beginen. Yn 1474 waarden strangere kleasterregels ynfierd. It kleaster baarnde yn 1521 ôf; it waard opnij boud, mar yn 1580 opheft.[3]

Earder yn Akkrum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Oan it begjin fan de 18e iuw waard Akkrum ferneamd troch syn eksportslachterij FCE nei Londen.
  • Fan de likernôch 60 moles dy't eartiids yn Akkrum en omkriten stiene, is allinne de Mellemole bewarre bleaun.
  • It fabryk fan UT (Ulbe Twynstra), letter UTD nei de fúzje mei Delfia en op’t lêst Hendriks-UTD. De hege silo is ôfbrutsen.
Kaart fan Akkrum

Nijbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Boarnstee is de lêste útwreiding oan de eastkant by Nes.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Akkrum hat mei Nes in mienskiplik doarpsbelang (webstee). Oars as oare doarpen hiene Akkrum en Nes gjin eigen doarpshûs. Sûnt 2019 is dat feroare mei de iepening fan Doarpskeamer ED oan de Lange Miente 5.[4][5]

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2023 Akkrum, protestantske Terptsjerke

Skoallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kristlik basisûnderwiis: Dûmny Hasperskoalle (webstee)
  • Iepenbier basisûnderwiis Akkrum (webstee)

De twa basisskoallen binne sûnt 2013 ûnderbrocht yn in nije mienskiplike lokaasje. Mei de iepening fan de nije Iepenbiere Skoallemienskip Sânwâlden yn Grou yn 2002 kaam der in ein oan it MAFU en de húshâldskoalle yn Akkrum. Oant dy tiid, lykwols, gongen de bêrn de lêste skoaldei fan it jier fan skoalle, sjongend troch de buorren: "Dit giet hjoed, ja dit giet hjoed foar’t lêste… ensfh".[6]

Kafee Kromme Knilles oan it Heechein

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kanadeeskestrjitte

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kampioenskip Mêstklimmen 1e sneon fan july.
  • De Fryske Dei, de earste sneon yn augustus.
  • Op 25 augustus 2007 waard foar de 25e kear it Iepen Frysk kampioenskip Slingeraap holden.
  • Tûnelûke - spektakel dat yn Akkrum ûntstien is
  • De Shantydei, de earste sneon yn septimber.
Smellebrêge en Boarnswâl
Welgelegen

Ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pleats oan de Leppedyk


Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1848 1913 1954 1959 1964 1969 1973 1999 2003 2008 2010 2022
Ynwenners 1.143 2.050 2.491 2.530 2.571 2.564 2.491 3.213 3.184 3.128 3.399 3.310

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Coopersburg wie in hûs foar âlderein út 1901, stifte troch de miljonêr Folkert Kuipers, “Cooper’’ op syn Amerikaansk. Mar lokaal wurdt it sein sa't it skreaun is: "Kopersburg".
  • Welgelegen mei syn teekoepeltsje út de 18e iuw.
  • Yn de Terptsjerke (1759 op it Heechein sitte brânskildere glêzen fan Thomas en Tsjalling Gonggryp fan Snits út 1761 en 1762. Yn de tsjerke is in oargel út 1856 fan Van Oeckelen. Op de Terptsjerke út de 18e iuw stiet (boppe it koer) in seemearman ynstee fan in hoanne. In seemearman is de tsjinhinger fan in (see)mearmin. Yn de Grykske mytology soenen seemearmannen grutte stoarmen oproppe kinne om sa skippen fergean te litten.
  • Yn de buorren fan Akkrum stiet de meniste tsjerke (Fermanje), dy’t dêr al foar 1600 stien hawwe moat. Dêr is oan 'e ein fan de 20e iuw in oerkape leagenbankje tsjinoan setten.
  • Oan de Polsleat stiet in restaurearre spinnekopmole.
  • Museum Boere-ark - ark en wurktugen fan foar de Twadde Wrâldoarloch, alles brûkt op deselde pleats.
Coopersburg

Ynfrastruktuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Akkrum leit oan de âlde Wei nei Oerisel en de nije A32. Dy lêste giet hjir ûnder it Leppe-akwadukt troch om't ek de Boarn troch Akkrum rint. Dy rivier komt as De Boarn fan Nes it doarp yn, en giet as de Kromme Knilles fierder nei Aldskou. Fierders jout de Meinesleat nei it súdwesten ferbining mei de Snitser Mar en jout nei suden de Polsleat ferbining mei it Hearrenfeanster Kanaal. Ek hat Akkrum in stasjon oan it Spoar fan Swol nei Ljouwert. Eastlik fan Akkrum leit jachthaven Tusken de Marren.

Strjitten yn Akkrum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Akkrum.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mellemole
  • De 'Palmsneinoptocht' op Palmpeaske is in âlde tradysje weryn't bern mei fersierde krusen troch it doarp rinne.
  • Yn maaie 2005 waard in Winterfeest hâlden. Der waard snie makke en doe snieballen smiten, sniepoppen makke en mei in prikslide fan in 4 meter hege skeante roetst.
  • Akkrum foarmet de noardwestpunt fan de Turfrûte.
  • It fersoargingshûs Leppehiem stiet yn de wyk De Himmen.
  • Sûnt 1998 hat Akkrum in eigen ”wettertaksy”. Dy fart troch hiel Akkrum, om de toeristen út de haven hinne en werom nei it doarp te bringen.
  • Hotel Goerres is in hotel dat al hiel lang yn Akkrum stiet.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Alle Cijfers
  2. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Akkrum.
  3. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Aalsum b.
  4. Omrop Fryslân, 26 jannewaris 2019
  5. Webstee Doarpskeamer ED
  6. Akkrum Ald en Nij
 
Plakken yn de gemeente It Hearrenfean
Flagge fan de gemeente It Hearrenfean
Haadplak: It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens: AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatOranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen: AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen