Palmpeaske

Ut Wikipedy
De yntocht fan Jezus in Jeruzalim
Palmsnein yn Rippoldsau, 1863

Palmpeaske, ek wol Palmsnein neamd, is de lêste snein fan de festeltiid, dêrmei de snein foar Peaske, fan âlds de twadde snein fan de Passytiid, mar benammen wichtich as de earste dei fan de Goede Wike. Op Palmsnein wurdt de blide yntocht fan Jezus Kristus yn Jeruzalim fierd.

Sûnt C. v.d. Graft yn 1906 in ûndersyk ynstelde nei gebrûken op Palmpeaske is de omgong mei fersierde palmpeaskes (palm, palmsondach, palmpaosien) yn Fryslân op in soad plakken ferdwûn. Tradisjoneel bestiet it noch yn Akkrum en yn doarpen fan Weststellingwerf. Nei de Twadde Wrâldoarloch is besocht it Palmpeaskerinnen yn te fieren of opnij mei te begjinnen wêr't safolle mooglik by de tradysje oansluten wurdt.

Op Palmpeaske waard op de Aldebiltdyk en by de Swarte Haan koaitsjetipele, organisearre troch de kastleins.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Palmpasen.