De Knipe
De Knipe | |
---|---|
![]() | |
gemeente | It Hearrenfean |
Gritenij | {{{gritenij}}} |
Stimmen | {{{stimmen}}} |
Ynwenners (2010) | 1.412 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 58' NB, 5° 58' EL |
Netnûmer | 0513 |
Postkoade | 8456 |
Webstee | www.infodeknipe.nl |
De Knipe (Offisjeel Frysk) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, east fan de flekke.
By De Knipe is in Romaansk - Keltysk brûnzen byldsje fûn dat yn de 2e iuw of 3e iuw yn Ingelân makke is. It soe in oantinken wêze kinne fan ien dy't destiids tsjinne hat yn it Romeinske leger. By Holwert is ek alris sa'n byldsje fûn.
De Knipe is ûntstien út twa parten fan oare doarpen, út Nij Brongergea, it noardlike part fan Brongergea en Nij Ketlik, it noardlike part fan Ketlik.
Troch it doarp rint de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Hjiryn lei in knipe, in fersmelling yn de feart, en dêrtroch kaam it doarp oan har nammen. De Knipe wie oant 1970 opsplitst yn Boppeknipe en Benedenknipe en waard doe faak yn ien namme De Knipe neamd. It stik tsjin It Hearrenfean oan waard Beneden-Knipe neamd, it stik rjochting Bontebok Boppe-Knipe. Doe't yn 1970 beide doarpen gearfoege waarden waard de nije namme De Knipe.
Anne Zernike wie yn 1911 de earste froulike dûmny fan Fryslân en Nederlân. Hja begûn as predikante yn de Minnistetsjerke yn Boppeknipe. Jan Mankes hat ek in tiid yn De Knipe wenne. Hy wie troud mei Anna Zernike.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Súdwestlik fan it doarp stiet in Amerikaanske wynmotor.
Gondelfeart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Eartiids waard op de twadde moandei fan oktober in feemerk holden. Doe't dit minder waard besleat de merkekommisje yn 1932 in optocht fan fersierde boaten te hâlden. De optocht groeide nei de oarloch út op in grut mearkeseftich barren. Doe't de feart yn 1967 dimpt waard is noch besocht om mei fersierde weinen de sfear werom te krijen mar dat slagge net rjocht. In allegoryske optocht is der fan oerbleaun. Elk jier dogge sa'n 15 fersierde weinen mei.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Doe't yn 1968 De Knipe en Benedenknipe ien waarden, kaam der ek ien feriening foar Pleatslik Belang. It doarpsblêd hjit de Compagnon. Der is no in Stifting Doarpshûs dy't yn multyfuksjoneel sintrum De Barte gearkomt. Fan de Stichting Doarpshûs De Knipe krige De Barte yn 2007 in grutte doarpsflagge fan 2x3 meter. Dizze hinget tenei by de doarpsaktiviteiten yn top. Belangengroep It Mar folget kritysk de plannen oer Skoatterwâld-Noard. Yn De Knipe stean de Kompanjonsskoalle en De Pream. De Lytse Kompanjon is it pjutteboartersplak. Yn it doarp wurde ek wedstriden Strjittenseiskamp hâlden.
Age Jouckes wie in bekende ynwenner fan De Knipe.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Feriening foar Folksfermaak
- Kynhout - wurkgroep Knypster ferline
- Crescendo - korps
- Eensgezindheid (1871) - iisclub
- By Jûn útfûn - iisclub
- De Kompanjon
- De Krinkjespuiers - toaniel
- Stuk - motorclub
- De Preamsjongers - sang
- Survivalferienings De Knipe en Pauwenburch
- Read Swart - fuotbal
- Kinea - kuorbal
- OKC - gymnastyk en follybal
- krúsbôgeferiening
- Trekkertrek
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plak | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
De Knipe (West) | 559 | 543 | 489 | 446 | |||||||
Beneden-Knipe | 559 | 595 | 613 | ||||||||
De Knipe | 931 | 1479 | 1496 | 1476 | 1466 | 1450 | 1412 |
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oer de strjitten yn De Knipe.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Webstee De Knipe
- Oer de Knypster merke en de optocht
- Skiednis en ferklearring strjitnammen
- Survival Feriening Pauwenburch
![]() | |
---|---|
Haadplak: It Hearrenfean | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | |
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen |