It Oranjewâld
It Oranjewâld | |
---|---|
gemeente | It Hearrenfean |
Gritenij | Skoatterlân |
Stimmen | {{{stimmen}}} |
Ynwenners (2010) | 1.042 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 56' NB, 5° 57' EL |
Netnûmer | 0513 |
Postkoade | 8453 |
Webstee | {{{webstee}}} |
It Oranjewâld (Oranjewoud) is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean, krekt east fan de flekke. It doarp hat net in echte buorren.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albertine Agnes dochter fan Freark Hindrik fan Oranje Nassau en Amalia fan Solms erve nei it ferstjerren fan har man, de Fryske steedhâlder Willem Freark fan Nassau-Dietz, de lannen mei pleatsen "It Wold". Der kamen nei de tiid in soad aadlike minsken te wenjen en it plak krige de namme Oranjewâld. It hûs Oranjestein waard yn dy tiid boud. Sa wennen yn 'It Wâld' de famyljes Van Scheltinga, Van Limburg Stirum, Wouters, Cats en Bieruma Oosting.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oranjewoud, it eardere wenstee fan Albertine Agnes
- Oranjestein
- Lyts Jachtlust
- Hotel Tsjaarda
- It Jagershûs
- Prinsenhof
- It Switserske Húske
- Oranjehoeve
- Klemburch
- Wâldoard
- De Nijhorst
Foar de anneksaasje troch It Hearrenfean foel ek de filla Blau Hûs noch ûnder It Oranjewâld.
Earder wienen der noch Ontwijk, Brouwershave, De Tent, Pauwenburch, Lyts Marsicht,
en de loazjeminten De Kom en Weener.
Grêfkelders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn en om It Oranjewâld binne noch in tal grêfkelders, lykas dy fan de famyljes Bienema en Van Limburch Stirum yn (It Oranjewâld), Van Scheltinga yn (Brongergea), en Wouters en Van Heloma yn (Aldskoat).
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 22 desimber 1930 bestiet Pleatslik Belang fan It Wâld. It Wâldnijs jout nijs oer It Oranjewâld. Alle jierren is der in doarpsfeest.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bijehâldersferiening It Oranjewâld - ymkerij
- Iisclub It Oranjewâld
- It Wâld - kabaret
- Van Maasdijkgroep - scouting
- De Woudklank - sjongen
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2005 | 2006 | 2007 | 2008 | 2009 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
569 | 541 | 595 | 926 | 862 | 1062 | 1062 | 1041 | 1043 | 1045 | 1042 |
Berne yn It Oranjewâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Op 24 novimber 2004 waard Museum Belvedêre iepene troch keninginne Beatrix.
- Berne yn It Wâld is berneboekeskriuwster Cissy van Marxveldt (1889-1948), skûlnamme fan Setske de Haan.
- Sûnt 2012 wurdt yn it Parkgebiet It Oranjewâld elts jier yn juny it Oranjewâld Festival holden, in muzykfestival op it mêd fan klassike muzyk.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De strjitten fan It Oranjewâld.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Heide |
De Greiden |
De Ikkers |
Hearrenfean-Midden |
Hearrenfean-Noard |
Nijehaske |
Skoatterwâld
|
It Hearrenfean | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeboarn • Aldhoarne • Aldskoat • Akkrum • Bontebok • Gersleat • Haskerdiken • Hoarnstersweach • It Hearrenfean • Jobbegea • Ketlik • De Knipe • Lúnbert • Mildaam • Nes • Nijbrêge • Nijhoarne • Nijskoat • Oranjewâld • Terbant • Tsjalbert | ||
Buorskippen: Aldskou • Annebuorren • Brongergea • Burstum • Easterboarn • Jinshuzen • Meskenwier • Pean • Poppenhuzen • Jobbegea-Skuorregea • Soarremoarre • Spitsendyk • Sythuzen • Warniahuzen | ||
· · |