Springe nei ynhâld

Ype Dijkstra

Ut Wikipedy

Ype Dijkstra (It Oranjewâld, 6 desimber 1944) wie fan 1992 oant 2004 boargemaster fan Boarnsterhim.

Boargemasterskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dijkstra wie sûnt 1 septimber 1992 PvdA boargemaster fan Boarnsterhim. Sûnt 1 novimber 2004 is er waarnimmend boargemaster fan Zeewolde, yn it plak fan T. A. Viezee. Hy wie lykwols oant en mei 31 desimber noch boargemaster fan Boarnsterhim, dat dy twa moanne hat er boargemaster fan twa gemeenten west. Fierders wie er boargemaster fan it Kameleondoarp Lenten, oan er 27 oktober 2004 dy funksje dellei.

Wikseling fan post

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By syn offisjeel ôfskie fan Boarnsterhim op 17 desimber 2004 is Dijkstra troch Kommisaris fan de Keninginne Ed Nijpels riddere, as Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy is yn Boarnsterhim opfolge troch Ella Schadd-de Boer. Syn boargemasterstermyn yn Seewâlde rint oant de gemeenterieferkiezings fan 2006.

Dijkstra wie fan 1993 oant 2002 bestjoerslid fan de Fryske Rie. Fierders wie er ûnder oaren foarsitter fan de Stifting de âlde Fryske Greidpleats. Yn 1995 wie er meioprjochter fan de Stifting Alkoholprevinsje, dêr't er sûnt dy tiid foarsitter fan is.