Hendrik fan Meklenburch-Schwerin

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hendrik van Mecklenburg-Schwerin

Hendrik Wladimir Albrecht Ernst (Schwerin, 19 april 1876De Haach, 3 july 1934), Prins fan de Nederlannen, Hartoch fan Mecklenburg-Schwerin, berne as Heinrich Wladimir Albrecht Ernst Herzog zu Mecklenburg, wie de oarehelte fan keningin Wilhelmina fan de Nederlannen.

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hendrik wie it fjirde bern en de tredde soan fan gruthartoch Frederik Frans II fan Meklenburch-Schwerin en dy syn tredde frou prinses Marie fan Schwarzburch-Rudolstadt. Hy hie in âldere suster, Elisabeth (1869-1955), dy't boaske wie oan gruthartoch Frederik August II fan Oldenburch, en twa âldere bruorren, Frederik Willem (1871-1897) en de politikus Adolf Frederik (1873-1969).

Hy hie ek âldere healsusters en fiif âldere healbruorren dêr't twa fan foar syn berte ferstoaren.

Doe't Hendrik sân jier wie ferstoar syn heit. Hy gie nei it gymnasium yn Dresden en makke nei it heljen fan it diploma in reis nei Grikelân, Britsk-Ynje en Ceylon. Dêrnei hie er in militêre karriêre en brocht er it ta earste luitenant by it gardebataljon jagers yn Potsdam.

Houlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Houliksfoto fan Hendrik en Wilhelmina

Hendrik en Wilhelmina wiene famylje. Tsaar Paul I en dy syn oarehelte Maria Fjodorovna wiene harren mienskiplike oerpakes en oerbeppes. It pear ferloofde him op 16 oktober 1900. De tariedingen foar it houlik waarden beskade troch de dea op 5 jannewaris 1901 fan Wilhelmina har omke gruthartoch Karel Aleksander fan Saksen-Weimar-Eisenach en op 22 jannewaris fan de Britske koninginne Fiktoaria. D6erom koene ferskate úttnûge persoane nei op de houliksdei, 7 febrewaris, komme.

Hendrik ûntfong de titel Prins fan de Nederlannen mei it predikaat Keninklike Heechheid op syn troudei, mar net de fan de Meklenburgers easke titel Prins fan Oranje. De foarnamme fan de prins Heinrich waard op syn troudei offisjeel fernederlânske ta Hendrik. Om't Wilhelmina it hûs Oranje-Nassau heger achte as it hûs Meklenburch, bepaalde sy by Keninklik Beslút dat har neisieten de titel Prins(es) fan Oranje-Nassau fiere soene foar dy fan Hartoginne fan Meklenburch.

It houlik tusken Hendrik en Wilhemina wurdt as min omskreaun. It pear groeide út elkoar. Wilhelmina hie in grut plichtsbesef dêr't by har efterneef gjin romte foar wie. In oare swierrichheid wie syn oanhâldende jildkrapte, hoewol't er ûnder syn hiele houlik alle jierren fan syn oarehelte in bedrach krige fan 100.000 gûne. Hendrik krige gjin jild út de Nederlânske steatskas. Syn leafhawwerijen kosten in protte en der waard fan him ferwachte dat er as earste jild joech oan nij opsette goede doelen. Ek stipe er earmlestige famylje yn Dútslân. Hendrik syn finansjele tastân waard slim minder doe't nei de Novimberrevolúsje yn 1918 syn gruthartochlike talage fan omrekkene sa'n 27.000 gûne op jierbasis ophold. It ûnderhâld fan syn bûtenpleats Dobbin drukte sindsdien zwaar op zijn uitgavenpatroon.[1] Teffens gie der jild op oan maîtresses. Ek de skandalen dêr't Hendrik yn behelle rekke, mei troch syn besykjen jildboarnen oan te boarjen, diene it houlik gjin goed. Earst nei syn dea soe Wilhelmina Hendrik better begripe en soe hja syn karakter sels idealisearje.

Juliana[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wilhelmina hie har earste miskream yn novimber 1901.[2] Yn de jierren dêrne folgen noch in pear miskreamen [3] en naam de spanning ta oer de fraach oft Wilhelmina wol foar in troanopfolger soargje koe of dat de Nederlânske Oranjetakke útstjerre soe en de troan beset wurde soe troch in Dútske prins. Op 22 novimber 1908 makke minister-presidint Theo Heemskerk in nije "vreugdevolle aandoening" buorkundich. Prins Hendrik waard yn 1909 heit fan in dochter, Juliana; mei har koe er letter tige oerwei.

Maatskiplike funksjes en priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hendrik hie ferskate earefunksjes yn it leger. Hy waard yn 1901 ta skout-by-nacht en generaal-majoar à la suite beneamd, yn 1904 ta fise-admiraal en luitenant-generaal. Hy hie in sit yn de Ried fan Steate, mar waard troch syn gemalin bûten alle politike saken holden (het is niet aardig meer als je altijd maar voor spek en bonen erbij bent).

Prins Hendrik wie tige populêr by syn personeel, mar bleau foar it folk lange tiid in frjemde. Yn de earste jierren fan syn houlik hie er foaral omtinken foar de jacht en de ferbettering fan de wyldstân op de Feluwe. Ek hie er niget oan boskbou en it dressearjen fan hynders. It jeijen op fral kuorhinnen en wylde bargen waard him troch guonts kwea ôf naam; syn bynamme wie Varkensheintje. Syn imago ferbettere doe't er yn febrewaris 1907 de rêdingswurkers besocht dy't in dei earder holpen hiene by it rêden fan passazjiers fan de SS Berlin, dy't by Hoeke fan Hollân te sink gien wie.

Lêze die er net, allikemin hold er fan learde petearen. Yn syn frije tiid spile er faak pasjânse of puzele er.[4]

Prins Hendrik hie in soad belangstelling foar it sosjale en ekonomyske libben yn Nederlân. Hy soarge foar it byelkoar gean fan de twa destiidske Scoutingorganisaasjes, De Nederlandsche Padvinders Organisatie en De Nederlandsche Padvinders Bond en waard dêrnei Keninklike Kommissaris fan de feriening Scouting Nederland. Fierder wie er foarsiter fan It Nederlânske Reade Krús en ferfolde er oare funksjes foar de mienskip. Yn 1928 iepene er de Olympyske Spullen yn Amsterdam.

Hendrik libbe frijwat frivoal. Bekend is de anekdoate fan de prins dy't, nei de earepromoasje fan dochter Juliana in petear hie mei har earepromotor, de histoarikus Johan Huizinga. Huizinga sei tsjin de prins: "Uw dochter is erg intelligent en kan goed overweg met haar vrouwelijke jaargenoten", dêrnei soe Hendrik mei syn sterk Dútsk aksint andere hawwe: "Dat van die intelligenz heeft ze van haar moeder, dat van die maisjes van mai".[5]

François van 't Sant, in betroude fan Wilhelmina, soe ferskate gefallen beoardere hawwe dêr't Hendrik yn min of mear sjantearre waard. Yn Hûs Windekind, de went fan Van 't Sant yn De Haach, arranzjearre moetingen mei prostituees foar Hendrik; sa koe er wat oersjoch oer dy syn seksuele eskapades hâlde.

Neist syn leafde foar jeijen, mocht de prins ek graach op it wetter wêze. Dy leafde kaam op lettere jierren ta bloei, mei fanwegen it feit dat Wilhelmina him net sa graach oan it hof seach. Yn 1913 liet Hendrik yn Muiden de salonboat Odin bouwe. In jacht fan hast tweintich meter lang, dêr't er geregeldwei beselskippe fan freonen en freondinnen tochten mei makke.

Prins Hendrik ûntfong ferskate Nederlânske en frjemde ûnderskiedingen.

De ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hendrik bij het Rode Kruis (ca.1930)
Standaard van prins Hendrik als prins-gemaal.

De lêste jierren fan syn libben rûn syn sûnens hurd tebek. Syn reuma waard slimmer, hy waard jimmeroan dikker en yn 1929 krige de prins syn earste hertynfarkt. De twadde folgee op 28 juny 1934. Op 3 july 1934, middeis om healwei twaën stoar er yn de âldens fan 58 jier yn syn kantoar oan in sirkulaasjestilstân. Wilhelmina en Juliana wiene dêr net by.

Sa't Hendrik winske hie waarde er op 11 july 1934 yn it wyt byset yn de Grêfkelder fan Oranje-Nassau yn de Nije Tsjerke yn Delft. Nei syn dea die bliken dat er noch skulden hie. In pear wiken nei de bysetting ferskynde in advertinsje yn de deiblêden dêr't Juliana in witte liet ôf te sjen fan har heite erfenis.

Bûtenechtelike bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jierrenlang wurdt de al grute dat Hendrik mear as ien bern bûten it houlik om oanset hawwe soe. Hurd bewiis is nei levere. Nei syn dea betelle Wilhelmina lykwols finansjele fergoedingen foar syn bûtenechtlike eskapades oan Julia Cervey yn Sjenêve, alle moannen twahûndert gûne, oan Mien Lier-Wenneker yn De Haach fiifhûndert gûne en oan Wilhelmine Steiner yn Surich ûngefear itselde bedrach.[6]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Arlman Hugo & Gerard Mulder; (1982) Van de Prins Geen Kwaad. Prins Hendrik & andere dossiers van Oranje, Amsterdam
  • Jonge, J.A. de; (1988) Hendrik, prins der Nederlanden, hertog van Mecklenburg-Schwerin
  • Korterink, Hendrik Jan; (1992) De zwarte schapen van Oranje
  • Bernd Kasten: Prinz Schnaps. Schwarze Schafe im mecklenburgischen Fürstenhaus. Rostock 2009, s. 67–71.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fasseur, Cees (2009, 3e druk) Wilhelmina. Krijgshaftig in een vormeloze jas, s. 81 (e-book) Amsterdam: Utj. Balans
  2. Fasseur, Cees; Wilhelmina. De jonge koningin, Amsterdam: Utjouwerij Balans, s. 251 (2009, e-book, nei fyfde druk 2001).
  3. Der waard fan grute dat dy it gefolch wiene fan de geslachtssykte syfilis fan Hendrik.
  4. Fasseur, Cees; (2008) Juliana & Bernhard. Het verhaal van een huwelijk. De jaren 1936-1956, s. 10
  5. Berkel, K. van; Wilhelmina en de transformatie van het Nederlandse koningschap, Ons Erfdeel, 2002
  6. Het buitenechtelijk kind van das Gepäck prins Hendrik, Trouw, 26 augustus 2011