Zürich (stêd)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Surich")
Gean nei: navigaasje, sykje
Zürich
Boppe: Zurich by nacht fan Üetliberg sjoen, Midslofts: Nasjonaal Museum, Midsrjochts: Switsersk Federaal Ynstitút fan Technology, Under: Sicht op Zurich en de mar.
Boppe: Zurich by nacht fan Üetliberg sjoen, Midslofts: Nasjonaal Museum, Midsrjochts: Switsersk Federaal Ynstitút fan Technology, Under: Sicht op Zurich en de mar.
Sifers
Ynwennertal 365.098 (2009)
Oerflak 87,88 km²
Befolkingstichtens 4097,93 / km²
Hichte 408 m
Polityk
Lân Switserlân
Kanton Zürich
Distrikt Zürich
Oar
Koördinaten
Webside Webside fan Zürich

Zürich (Switserdútsk: Züri, Italjaansk: Zurigo, Retoromaansk: Turitg, Latyn: Turicum) is de grutste stêd fan Switserlân en is haadstêd fan it kanton Zürich. Zürich leit oan de rivier de Limmat en de Sihl, yn in brede delling oan de mar fan Zürich (Zürichsee). It gebiet wurdt al goed twatûzen jier bewenne. Zürich is it ekonomysk sintrum fan Switserlân. Alle wichtige banken hawwe dêr in festiging, de Switserske beurs sit der en teffens is it it hannelsplak foar goud yn de wrâld.

Zürich is ferneamd as plak foar frijtinkers. Lenin hâlde der ta yn de tiid foar de revolúsje yn Ruslân, en it dadaïsme is der ûntstien. De Ierske skriuwer James Joyce en de Dútske Nobelpriiswinner Thomas Mann kamen yn Zürich te hôf. Op kultureel mêd binne der in soad museums, benammen it Kunsthaus hat in breed erkende samling.

Gebouwen fan belang binne de Grossmünster, it Kunsthaus Zürich, de ETH, de Universiteit en it Heidi Weber Haus fan de Switserske arsjitekt Le Corbusier.

Alle jierren, op de twadde sneon yn augustus, is dêr it grutte evenemint de Street Parade.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De tsjerken "Grossmünster" en "Fraumünster" mei û.o. fiif glês-yn-leadruten fan Marc Chagall
  • De "De Hard-toer" (Hardturm), it âldste gebou fan de stêd
  • It "Landesmuseum"
  • Bistetún

Berne yn Zürich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Partnerstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]