Fraumünster
Fraumünster | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Switserlân | |
kanton | Zürich | |
plak | Zürich | |
adres | Münsterhof 2, 8001 Zürich | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 9e iuw; lettere ferbouwings | |
boustyl | Goatysk | |
offisjele webside | ||
Side tsjerklike gemeente |
It Fraumünster (Froulju's munster) is in eardere kleastertsjerke en ien fan de fjouwer tsjerken yn de âlde binnenstêd fan Zürich, Switserlân. De tsjerke wie eartiids ferbûn oan in benediktynsk nonnestift, dat mei de ynfiering fan de reformaasje yn Zürich (1524) opheft waard. De âlde kleastergebouwen waarden pas yn 1898 sloopt om plak te meitsjen foar in nij stedhûs. De tsjerke wurdt brûkt troch de herfoarme gemeente fan Zürich.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de 9e iuw waard it kleaster yn it Latynsk as Monasterium Thuricense oantsjut. It Dútske wurd Münster is ôflaat fan Monasterium. Yn de earste helte fan de 14e iuw komt de namme Fraumünster foar yn it âldste jierboek fan de stêd. Under de omskriuwing Gotshus von Zürich wurdt it kleaster yn it âldste skriftlike stedsrjocht fan Zürich neamd. Fanôf de 14e iuw oant it reformaasjejier 1524 wie de namme Gotzhus zu Frowenmünster yn gebrûk.
Stifting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster Fraumünster waard op 21 july 853 troch Loadewyk de Dútser, in pakesizzer fan Karel de Grutte, stifte, doe't er in al besteand lyts kleaster oan syn âldste dochter Hildegard oerskreau. De skinking wie ferbûn mei in behoarlik lânbesit in Uri; boppedat waard it kleaster in eigen jurisdiksje ferliend.
De stiftingsoarkonde, dy't yn de keninklike kânselarij fan Regensburg skreaun waard, is de âldste skriftlike oarkonde yn it steatsargyf fan it kanton Zürich.
Salang't it kleaster bestien hat waarden tsjin betelling fan in donaasje oan it kleaster benammen froulju út de hege adel opnommen. Alhoewol't de nonnen neffens de benediktynske regel libben, hiene hja it rjocht om it kleaster te ferlitten en te trouwen. Keizer Hindrik III ferliende de abdis fan it kleaster it tol-, merk- en muntrjocht er dêrmei wie hja de fakto dyjinge dy't it yn de stêd foar it sizzen hie.
De 13e iuw brocht it kleaster nei it hichtepunt fan de macht en betsjutting. Keizer Freark II ferliende yn 1218 it kleaster ryksfrijheid. Kening Hindrik VII, steedhâlder fan keizer Freark II, befoardere abdis Judenta fan Hagenbuch yn 1234 yn de ryksfoarstenstân. As foarstabdissen koene de kleasteroersten in grutte politike ynfloed op de stêd en omkriten útoefenje. Wat letter wist de stêd lykwols nei de ôfsetting fan keizer Freark II troch paus Innocentius IV yn 1262 autonomy foar it kleaster oer te befjochtsjen. Under de earste boargemaster fan Zürich, Rudolf Brun, ferlear it kleaster it rjocht om de skout en de legere rjochtbanken te beneamen, mar behold it pardonrjocht wêrmei't it kleaster de fonnissen fan de stedsrjochtbank ynlûke koe.
Nei in lange tiid fan delgong wennen der bytiden noch mar twa of trije nonnen yn it kleaster. Hja hiene harren eigen wenromte, in eigen húshâlding mei betsjinning en droegen gewoane klean yn de kleuren wyt, griis, swart en read. Paus Innocentius VII befêstige nochris yn in bul it privileezje dat it de nonnen tastien wie om út te treden en te trouwen. As iennige kleasterplicht moasten de froulju it koergebet oplêze.
De lêste abdis, Katharina fan Zimmern, liet yn de tiid fan de reformaasje ûnder Ulrich Zwingli it kleaster op 30 novimber 1524 opheffe en droech alle rjochten en besittings oer oan de ried fan Zürich. It saneamde Fraumünsteramt moast de besittings bestjoere en de ynkomsten streamden fan doe ôf yn de skatkiste fan de stêd .
Bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke fan it Fraumünster waard fanôf it midden fan de 9e iuw boud en yn 874 ynwijd. Ut it grêf fan Feliks en Regula yn it Grossmünster waarden reliken helle en nei de nije tsjerke fan it Fraumünster brocht. Mei de Wasserkirche en de Grossmünster foarme de Fraumünster-tsjerke oant de reformaasje in prossesje-as foar de ferearing fan de beide stedspatroanen.
Tusken 1150 en 1250 waarden twa tuorren boud. De súdlike toer waard yn 1728 sloopt, wylst de noardlike yn 1732 ferhege waard. Yn de midden fan de 13e iuw waard útein set mei de fergrutting en goatisearring fan de tsjerke. Foar it lêst waard it skip yn 1991 ferboud. De lêste grutte renovaasje fan de tsjerke fûn yn 2006-2007 plak.
It kleasterkompleks dat yn it lêst noch in skoalle ûnderdak joech, waard yn 1898 ôfbrutsen op plak te meitsjen foar in nij stedhûs. Dielen fan de romaanske kleastergong krigen yn de binnenhôf fan it stedhûs op 'e nij in plak. In freskosyklus fan Paul Bodmer moat de leginde oer de kleasterstifting en de stedshilligen Feliks en Regula foarstelle.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de reformaasje waarden oant 1527 alle alters, bylden en it oargel ferwidere en yn 1544 krige de tsjerke foar de preek in nije kânsel.
Yn 1847 waarden de midsiuwske muorrefresko's wer ûntbleate en troch Franz Hegi akwarellearre. It belangrykste muorreskilderij, dat nei alle gedachten om 1300 hinne ûntstie, waard ôfbylde yn it súdlike dwersskip en toande de stiftingsleginde. Tsjintwurdich is der net in soad fan oerbleaun. Nei de ferwidering fan in latekslaach út 1979 koene noch besteande midsiuwske fresko's oan de muorren en it ferwulft ûndersocht en konservearre wurde.
Fanôf 1967 krige it 13e iuwske koer fiif ramen fan Marc Chagall: in read profetenraam, in blau raam dat wijd is oan de wetten, in grien Kristusraam, in giel Sionraam en in blau Jakobsraam. Yn 1978 makke Chagall ek in raam foar it roasfinster yn it súdlike dwersskip. In oar raam is it "Himelske Paradys" yn it noardlike dwersskip út 1945 fan Augusto Giacometti. It oargel fan it Fraumünster is mei 5793 pipen it grutste fan it kanton Zürich.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadoargel waard yn 1953 troch de oargelboufirma Genf AG (Sjenêve) boud. It sleepladen-ynstrumint hat 82 registers op fjouwer manualen pedaal. Spyl- en registertraktueren binne elektrysk. Dêrnjonken is der ek noch in koeroargel oanwêzich út 1971 fan de Manufacture d’Orgues Muhleisen (Straasburch). It koeroargel hat 13 registers op twa manualen en pedaal, wylst de spyl- en registertraktueren mechanysk binne.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Ynterieur
-
Oargel
-
Kleastergong
-
Muorreskilderings fan Paul Bodmer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Fraumünster
|