Munster (tsjerke)
De beneaming munster komt fan it Latynske monasterium (kleaster). Dêrmei waard gjin parochytsjerke bedoeld, mar in sakraal gebou as diel fan in kleaster of kapittel (stiftstsjerke).
Yn de 13de iuw ûntwikkele him dêrút de betsjutting fan in grutte tsjerke. Dêrtroch foelen yn súdlike dielen fan Dútslân en oangrinzjende gebieten bûten stiftstsjerken tenei ek biskopstsjerken en in soad grutte stedsparochytsjerken ûnder it begryp "munster".
Oer it boutype seit it begryp fierder neat. De beneaming is dus allinnich in tradisjoneel fêstleine beneaming foar in bepaalde tsjerke.
Yn it Ingelsktalige gebiet wie ek soksoarte ûntwikkeling fan it wurd "minster". It Ingelske lienwurd minster komt fan monasterium. Oars as it Ingelske monastery, dat kleaster betsjut, wurdt minster brûkt foar tsjerken mei in promininte status.