Springe nei ynhâld

Karspeltsjerke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Parochytsjerke)
Katolike karspeltsjerke yn Gampern, Boppe-Eastenryk

In karspeltsjerke of in parochytsjerke is in pleatslike tsjerkegebou, dy't it tsjerklik sintrum fan in karspel (parochy) foarmet. It kin wêze dat der mear tsjerkegebouwen yn de grinzen fan in karspel binne. Yn dat gefal sil der in tsjerke as haadtsjerke oanmurken wurde. De oare tsjerken binne dan in bytsjerke fan de haadtsjerke (ek wol filiaaltsjerke neamd).

In karspeltsjerke is ferbûn oan in beskaat gebiet, sa as in doarp, stêd of wyk. Dêrmei ûnderskiedt er fan in kleastertsjerke, beafeartstsjerke of in katedraal.

De karspels, al of net ferparte yn proasdijen, foarmje mei-inoar in (aarts)bisdom en foarmje it leechste nivo op dat mêd dêr't de titularis as ordinarius in alhiel eigen kanonike jurisdiksje hat.

In parochy hoecht him hjoed-de-dei net op alle leauwigen fan in gebiet te rjochtsjen. Sa kinne der katolike of lutherske parochys yn in selde gebiet bestean.