Proasdij

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In proasdij wie yn de Midsiuwen in kleaster dat ûnder in proast stie. (praepositus of oerste). In proasdij wie ôfhinklik fan in abdij, bygelyks Kleaster Marienberch (Kleaster Eanjum), it Barrakonvint, Kleaster Bethlehem of Kleaster Sion.

In proasdij kin ek in dekanaat wêze, in tsjerklik distrikt yn de Grinslanner Ommelannen en it westen fan East-Fryslân oant de ein fan de 16e iuw. De measte proasdijen yn dy kontreien (útsein Humsterlân, Baflo, Hatzum en Weener) wiene partikulier besit en waarden bestjoerd troch wrâldske proasten. Yn it Ferdrach fan Coevorden fan 1530 waard lykwols fêstlein dat harren taak waarnaam wurde soe troch tsjerklike kommissarissen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: