Kleaster Betlehem

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kleaster Bethlehem)

It Kleaster Betlehem wie fan 1163 oant 1580 in frouljuskleaster yn Tytsjerksteradiel, in proasdij neffens de regel fan de norbertinessen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard likernôch 1163 stifte as frouljuskleaster foar it kleaster Mariëngaard troch Freark fan Hallum, de earste abt fan dat kleaster. Sirka 1235 waard fan it kleaster Betlehem út it kleaster Belbog yn Pommeren stifte,[boarne nedich] en yn 1242 it kleaster Marije' Grêf. Nei in tebekgong waard it troch Take Aebinga, abt fan it kleaster Mariëngaard ophelle. Hjirby waarden ek de eardere wite klean fan de nonnen ferfongen troch swarte klean. Yn 1580 waard it kleaster sletten, lykas dat mei alle kleasters yn Fryslân barde.

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster lei yn de klaaihoeke fan Tytsjerksteradiel, yn it noardwesten fan de gemeente. It lei op in terp tusken de Dokkumer Ie, de Aldtsjerkster Feart en it eardere Riedpoeltsje, likernôch op 53°16'34''N - 5°51'20''E. It hie in weiferbining mei de wei de Dokkumer Ie bylâns.

De namme fan it kleaster bestiet, bastere, noch as de namme fan it buorskip Bartlehiem, dat dêr oan de Dokkumer Ie leit. Op it eardere plak fan it kleaster stean hieltyd noch gebouwen mei de namme Betlehem, mar no mei in ferbining mei de Wierewei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]