Kleasters yn Fryslân
Appearance
Yn Fryslân binne de earste kleasters earst yn de twadde helte fan de 12e iuw stifte. Yn de 10e iuw en earder hiene fral Kleaster Werden en Kleaster Fulda grûnbesit yn Fryslân. Dat wie net tafallich, de stifters fan beide kleasters, Liudger en Bonifatius, hienen bannen mei Fryslân. Oer it generaal is der mar in bytsje mear oer fan de kleasters yn Fryslân. It is net allinnich troch de byldestoarm mar yn 1580 foelen alle kleasters oan de Steaten fan Fryslân en waarden ôfbrutsen. De measte kleasters wienen fan de oarder fan de Norbertinen, Bernardinen, Minderbruorren en Beginen.
Namme, plak, stifting en opheffing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kleaster Aldegaliën by Ljouwert, Fransiskaner kleaster.
- Kleaster Aula Dei of Nijekleaster yn Skearnegoutum, Bernardynsk frouljuskleaster, 1233 - 1572.
- Kleaster Baaium Norbertiner frouljuskleaster, 1186 - ±1580.
- Kleaster Berch yn Burgum, Windesheimer manljuskleaster, ?? - ± 1580.
- Kleaster Bethanie of Kleaster Foswert ûnder Ferwert, Benediktiner frouljuskleaster, foar 1180 - ??.
- Kleaster Bethany yn Tsjummearum].
- Kleaster Bethlehem ûnder Aldtsjerk, Norbertynsk frouljuskleaster, ± 1163 - 1580.
- Kleaster Blomkamp of Aldekleaster yn Hartwert, Bernardynsk manljuskleaster, 1191 - 1572.
- Kleaster Aalsum by Akkrum, tertsjarissekleaster, ?? - 1521.
- Kleaster Ealsum by Ealsum, tertsiarissekleaster, 1521 - ??.
- Kleaster Fiswert ûnder Ljouwert, tertsjarissekleaster.
- Kleaster Franjum by Marsum, Benediktynsk frouljuskleaster, ?? - 1575.
- Kleaster Galilea ûnder Boerum, Bernardynsk frouljuskleaster. 1204 - 1580.
- Kleaster Genezareth (Ginnum) ûnder Hallum, Bernardynsk frouljuskleasster. - 1580.
- Kleaster Griendyk by Snits, kleaster fan grauwe beginen, 1463 - ??.
- Kleaster Hasker Konvint by Haskerdiken.
- Kleaster Hospitaal of St. Jansberch by Snits, Johanniter kommanderij. 1206 - 1517.
- Kleaster Ingwert ûnder Poppenwier, tertsjarissekleaster St. Fransiskus, 1478 - ???.
- Kleaster Jeruzalim of Gerkeskleaster by Stynsgea, Bernardynsk manljuskleaster, 1240 - ??.
- Kleaster Jeruzalim (Wâldsein) yn Wâldsein.
- Kleaster Klaarkamp yn Rinsumageast, Bernardynsk manljuskleaster, 1165 - ??.
- Kleaster Lúntsjerk yn Mullum, reguliere kanunniken, 1157 - 1516.
- Kleaster Marienberch yn Eanjum by Berltsum.
- Kleaster Mariendal yn Lidlum, reguliere kanunniken, 1182 - 1572.
- Kleaster Mariëngaard yn Hallum, Norbertiner manljuskleaster. 1163 -??.
- Kleaster Mariengrêf of Buwekleaster yn Droegeham, Norbertiner frouljuskleaster, 1442 -??.
- Kleaster Marienpoarte of Oegekleaster ûnder Boalsert, tertsjarissekleaster, ?? - 1572.
- Kleaster Miedum yn Tsjom, Augustiner frouljuskleaster, 1100? - 1287.
- Kleaster Nazareth, yn Idzegea, grauwe beginen.
- Kleaster De Oliveberch of Feankleaster ûnder Aldwâld, Norbertiner frouljuskleaster, foár 1287 – 1579.
- Kleaster Sinai yn Sigerswâld ûnder Garyp, reguliere kanunnikessen.
- Kleaster Sint Bonifatius yn Dokkum.
- Kleaster Sint Martinus yn Ludingatsjerke, letter yn Achlum.
- Kleaster Sint Nikolaas yn Himmelum, Benediktinen. ± 1350 - ± 1550.
- Kleaster Sint Nikolaashospitaal yn Aldskoat
- Kleaster Sint Odulfus yn Starum, reguliere kanunniken, 838 - ± 1500.
- Kleaster Sion by Nijewier (Us Leaffrou ter Berge), Norbertiner frouljuskleaster.
- Kleaster Sion, oan it Dokkumer Djip ûnder Dantumawâld, premonstratinzer fjouljuskleaster (1332 neamd - 1580)
- Kleaster Smelle Ie by Boarnburgum, Benediktiner nonnekleaster.
- Kleaster Stientsjerke of Kleaster Marienbosk yn Lúnbert.
- Kleaster Weard (Templum Dominy) by Moarre, ?? - 1580.
- Kleaster Thabor by Snits, regulier kanunnikekleaster, 1406 - 1572.
- Kleaster Vinca Dominy yn Penjum.
- Kleaster Westwert by Bears.