Liudger

Ut Wikipedy
Liudger yn in yllustrearre midsiuwsk manuskript
Byld fan de moeting tusken Liudger en Bernlef, Lochem, Gelderlân

Liudger (Zuilen by Utert, 742 - Billerbeck 26 maart 809), wie yn de 8e iuw in misjonaris en roomsk-katolyk biskop yn it gebiet fan de Friezen en de Saksen.Hy makke it wurk ôf dêr evangeeljeprekers as Willibrord en Bonifatius de grûnlizzers fan wienen. Hy wurdt wol oantsjut as "apostel fan de Saksen" [1]

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Liudger syn pake Wursing wie in Fryske ealman, dy't in de tiid fan kening Redbad de kant fan de Franken keazen hie en nei Luik flechte wie. Dêr kaam er yn kontakt mei it kristendom en bekearde him ta dat leauwen. Syn soan troude Thiadgrim mei Liafburg, in fromme kristen fan de Fryske adel en út dat houlik waard Liudger berne. Liudger folge syn oplieding yn Utert by Gregoarius fan Utert en letter stjoerden syn âlden him nei York yn Ingelân. Yn dy tiid stie de ferneamdste skoalle fan Westlik-Jeropa ûnder lieding fan Ealwyn. Letter soe dy gelearde persoan de hofskoalle fan Karel de Grutte ûnder syn hoede krije.

In 777, yn de âldens fan 43 jier, begûn Liudger syn apostelwurk yn Dimter. Fan derút wreide er syn wurk út nei it noarden, oant de fierste úthoeken fan de Fryske wrâld. Oan 'e ein fan eltse simmer sylde er fan Starum út nei Utert om der ûnder de hjerstmoannen les te jaan oan de kleasterskoalle.

Syn foargongers, benammen Bonifatius, hienen net folle sukses bemachtige yn de noardlike kontreien. Liudger likernôch hie it grutte foardiel dat er de Fryske lânstaal prate. Neffens de oerlevering hat de genêzing fan de bline bard Bernlef, foar in grut part bydroegen oan syn sukses. Op ien fan syn reizen troch Grinslân kaam Liudger de bline bard tsjin yn Helwerd. Hy besocht om Bernlef ta it kristendom te bekearen. Bernlef soe derby tsjin Liudger sein hawwe, "as jo God sa almachtich is, toan my dan in teken". Liudger lei dêrop syn hannen op de eagen fan Bernlef en spruts in gebed út. Hjirnei koe de bline wer sjen. Dizze genêzing soe dernei as diggelfjoer troch it lân fan de Friezen rûn gean.

Nei it delslaan fan de opstân fan Unno en Eilrad yn Riustringen waard Liudger belêste mei it missywurk fan de eastlike Fryske gebieten en by de Saksen yn Múnsterlân. Yn 796 stifte Liudger yn Mimigernaford, (Múnster) in kanunniken kleaster oan de rivier de Roer. Om fan dit kleaster in sintrum fan beskaving en kennis te meitsjen, joech er al syn besittingen oan it kleaster. Neitiid waard Liudger biskop fan Múnster. Liudger ferstoar yn de âldens fan 67 jier.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • H. Halbertsma, Frieslands oudheid, Het rijk van de Friese koningen, Utert, 2000, s. 290–292 en 294.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Liudger fan Wikimedia Commons.