Redbad

Ut Wikipedy
Redbad
aadlik persoan en/of hearsker
In foarstelling fan Redbad troch P. Winsemius, út 'e Chronique ofte Historische Geschiedenisse van Frieslandt (17e iuw).
In foarstelling fan Redbad troch P. Winsemius, út 'e Chronique ofte Historische Geschiedenisse van Frieslandt (17e iuw).
nasjonaliteit Frysk
bertedatum ?
stjerdatum 719
etnisiteit Frysk
religy heidensk
Kening fan de Friezen
regear 679719
foargonger Aldgillis
opfolger Poppo?

Redbad (yn it tiidrek 679-719 oan it bewâld) wie in Fryske kening. Under syn regear berikte it Fryske Ryk syn grutste útwreiding. Der binne net in soad skriftlike boarnen oerlevere oer Redbad sadat der yn de rin fan de skiednis plak wie foar ryk ferskaat oan leginden. Redbad stried by syn libben foar it yn stân hâlden fan it heidendom en tsjin de kerstening fan de misjonarissen dy't ferbûn wie mei de ekspânsje fan it Frankyske Ryk.

Kening fan Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryslân ûnder Redbad

Redbad syn bewâld begûn oan 'e ein fan de 7e iuw as kening fan in selsstannich Fryslân. Hy wie kening oant syn dea yn it jier 719. Syn Fryske Ryk rûn fan It Swin by Brugge oant de Wezer ta. It kearngebiet fan de Friezen lei tusken de hjoeddeistige Iselmar en de Iems. Redbad hearske yn syn residinsjes yn Utert en Dorestêd.

Troch it besit fan de Ryndelta koene de Friezen ien fan de grutste hannelsfolken fan Europa wurde, wat bliken docht út ferskillende muntfynsten. Fryske hannelslju wienen yn de tiid fan Redbad te finen yn Londen en yn de Skandinavyske lannen, neist de munten binne der ek noch oarkonden en oare archeologyske fynsten dêr't soks út bliken docht. De namme Redbad waard ferbûn mei it súkses fan de Friezen om it jier 700 hinne. Dêrtroch is er yn de oerlevering in soarte fan heidenske tsjinhinger fan de lettere Frankyske kening Karel de Grutte.

Troch it besykjen fan Redbad om Fryslân nei it suden ta út te wreidzjen ûntstie der in konflikt mei de Franken dy't harren ryk nei it noarden ta útwreidzje woenen. Redbads foargonger kening Aldgilles wie de earste Fryske kening dêr't genôch skriftlike boarnen fan oerlevere binne om suver mei wissichheid fêst te stellen dat er ek echt as kening fan de Friezen bestien hat. Aldgilles hie in freedsume ferhâlding mei de Franken dy't ûnder Dagobert I al begûn wienen mei it kerstenjen fan Austraasje en it suden fan Fryslân (benammen om Utert hinne). Yn oerienstimming mei Dagobert II fan de Franken mocht de Ingelske biskop Wilfried fan kening Aldgilles frij preekje yn de Fryske lannen en de misjonaris waard freonlik ûntfongen troch kening Aldgillis. Redbad ferbruts de bining tusken de heidenske Friezen en de kristlike Franken en foel yn it jier 689 by de iggen fan de Ryn Dorestêd oan.

Bewâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Almeast wurdt oannaam dat Redbad yn 679 of 680 Aldgillis opfolge hat. Oars as syn foargonger kening Aldgilles wol Redbad it kerstenjen fan de Angelsaksyske en Frankyske misjonarissen net lije. It begjin fan syn bewâld ferrûn lykwols min. Hy kaam al gau yn konflikt mei it Frankyske ryk en ferlear in grut part fan it Fryske gebiet yn de Ryndelta oan de fijân.

De earste rige konflikten mei de Franken wie yn it tiidrek tusken 688 en 695. De Franken stienen by dy konflikten ûnder it bewâld fan de hofmeier Pippyn fan Herstall, dy't bygelyks yn de slach by Dorestêd te machtich wie foar de Friezen dy't ûnder it bewâld stienen fan Redbad. Healwei de njoggentiger jierren hawwe Redbad en Pippyn frede sluten, dêr't Redbad ôfstân die fan citerior Fresia, it grûngebiet besuden fan de Alde Ryn. Underdiel fan dy frede wie it sluten fan in houlik tusken Redbad syn dochter Thiadsvind mei Grimoald, in soan fan Pippyn fan Herstal. It houlik Grimoald en Thiadsvind wie yn 711, it is net bekend oft der bern út dat houlik binne. Nei de Slach by Dorestêd gong it misjonariswurk yn Fryslân fierder mei de biskoppen Willibrord en Wigbert fan Rathmelsigi. De Friezen holden har fêst oan de tradysje fan it heidenske leauwen mei it ferskaat oan goaden. It is ek oan te nimmen dat de Friezen ûnder Redbad it misjonariswurk seagen as in middel fan de Franken om Fryslân ûnderdiel te meitsjen fan it Frankyske Ryk. De Frankyske misjonaris Wulfram koe frij troch de Fryske lannen bewege en hy hat sels besocht om Redbad te winnen foar it kristendom. Redbad wegere en gong fierder mei syn striid tsjin de Franken en it kristendom.

Redbad wie in machtich hearsker mei grutte kwaliteiten, mar it wie ek ien dy't de konflikten brûkte om oan nije besittingen te kommen. Sa waarden lânslju somtiden beskuldige fan lânferrie sadat se har eigendom kwyt wienen oan de kening. Yn 708 joech er opdracht om Wurssing, in ealman en asega dy't bekend stie om syn ûnpartidige fonnissen, fêst te nimmen. It slagge Wurssing (de pake fan de lettere misjonaris Liudger) lykwols om út te naaien.

Yn it jier 714 waard Grimoald fermoarde. De lettere oerlevering woe in heidenske Fries ferantwurdlik meitsje foar de moard, dy't dêrfoar opdracht krige fan Redbad, mar mei de hjoeddeistige ynformaasje kin net mear fêstholden wurde oan dy fertinking. Doe't Pippyn letter yn it jier 714 weirekke kamen de Franken mei de opfolging yn de problemen. De striid tusken Karel Martel en syn styfmem Plektrudis waard troch Redbad brûkt om de Ryndelta en it gebiet súdlik dêrfan yn Fryske hannen te krijen. Hy makke in nij Frysk leger, sette dêrmei nei it suden, en focht dêr krekt salang dat alle Fryske lannen wer ûnderdiel waarden fan syn bewâld. Hy sluet in ferbûn mei de Frankyske hofmeier Ragenfrid en Redbad syn leger koe yn 716 oan Keulen ta it gebiet fan de Franken ynkringe. De Slach by Keulen wie de iennichste kear dat de Franken ûnder Karel Martel in slach ferlearen. Yn de lannen dy't Redbad ferovere hie, waarden de tsjerken ôfbrutsen of ôfbaarnd en de prysters en misjonarissen waarden fuortreage, de heidenske alters en timpels krigen har âlde plak werom. De stêd Keulen waard úteinlik mei in bulte jild frijkocht. De Fryske legers gongen werom nei it noarden mei in grutte bút en in soad kriichsfinzenen. Redbad makke plannen om it Frankeryk foar in twadde kear binnen te fallen en socht dêrfoar in grutte kriichsmacht. Troch it ferstjerren fan Redbad yn it jier 719 wurde de plannen net mear útfierd.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Redbad stoar yn de neisimmer of iere hjerst fan it jier 719. By syn dea hie Redbad in grut en heidensk Fryslân neilitten. It is net dúdlik hoe't Redbad weirekke is, it begraafplak is ek net bekend. Neffens de leginden soe Redbad syn grêf oan of ûnder de Redbadsberch yn it Eastfryske Dunum lizze. Oaren hâlde út dat er ûnder in grutte stien yn Bearumerfean leit. Yn de âlde ferhalen wienen der Redbadsbergen op Helgolân en it ûnderstrûpte eilân Bant. In oare mooglikheid is dat it lichem fan Redbad ferbrând is yn de heidenske tradysje.

Redbad dy't him neffens de leginde op it lêste stuit net dope liet; Borduersel út (wierskynlik) it begjin fan de 16e iuw.

De primêre boarnen jouwe net oan wa't him opfolge hat. Nei alle gedachten wienen der problemen mei de opfolging, omdat de Frankyske tsjinstanner Karel Martel nei de dea fan Redbad ienfâldich it Fryske ryk ynfalle koe en de Friezen ûnderwerpe koe. De wjerstân fan de Friezen wie nei de dea fan Redbad swak. Karel Martel hoegde him by de útwreiding fan it Frankyske Ryk net te beheinen ta citerior Frisia, Fryslân besuden de Ryn, mar koe Fryslân oan it Fly ta feroverje.

Nei de dea fan Redbad yn it jier 719 woenen de Friezen noch niks witte fan de kristlike bekeardrift fan de Franken en harren misjonarissen, en wienen dus trou oan it stânpunt fan kening Redbad. Al yn 716 waard Bonifatius troch Redbad tsjinholden. Bonifatius krige de dea fan de Friezen doe't er yn it jier 754 of 755 wer begûn mei syn misjonariswurk yn Fryslân. Neffens de Frankyske en de kristlike skriuwers hie Bonifatius de "martlersdea" krigen. Dêrnei binne der gjin bewizen mear fan fersetsdieden tsjin de Franken en it kristendom. Sawol Karl Martel as Karel de Grutte moasten noch ferskillende kearen de striid yn om alle kearen wer in stik fan Fryslân te feroverjen, mar om it jier 800 hinne is Fryslân ûnderdiel fan it Frankyske Ryk.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Redbad libbe yn de iere Midsiuwen, in tiidrek dêr't net folle skreaune boarnen fan oerlevere binne. Oer syn jeugd is feitlik neat bekend. Hoewol't yn lettere kroniken beweard wurdt dat er in soan fan kening Aldgillis wie, bestiet foar soks yn it boarnemateriaal út dy tiid gjin bewiis. Wol groeide er nei alle wierskynlikheid op yn in famylje dy't by de Fryske elite hearde en kaam net earder oan de macht as nei de dea fan Aldgillis. Mei wa't er troud wie is likegoed ûnbekend. Neffens de primêre boarnen hied er yn alle gefallen in dochter dy't troud west hat mei de soan fan hofmeier Pippyn fan Herstal, en der wie sprake fan in soantsje dat as lyts bern ferstoar. [1] Lettere skriuwers hawwe it der oer dat er fjouwer bern hie: Aldgillis, Poppo, Aldgillis II en Thiadsvind, mar dat wurdt troch hjoeddeiske histoarisy as optinksels beskôge.

Myten & leginden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omdat der net in hiele protte oerlevere is binne de ferhalen om kening Redbad hinne soms mytysk of legindarysk. De myten en leginden wolle ha dat Redbad net dea is, mar ûnder in stien leit te sliepen. De lokaasje fan dat sliepplak wurdt yn ferskillende ferhalen oars ferteld. Neffens de ferhalen soe Redbad ûnder de Redbadsberch by Dunum lizze of yn in grot ûnder it Reaklif. In oar foarbyld fan mytefoarming om Redbad hinne is dat Redbad syn foet al foar in part yn it doopbekken hie omdat Wulfram him bekeare soe. Op 't lêst hie Redbad de foet weromlutsen. Neffens de skriftlike boarnen út dy tiid spaande Wulfram wol om yn de Fryske lannen, mar fierdere details oer it wurk fan Wulfram binne net bekend.

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Herre Halbertsma, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utert-2000.

Primêre boarne:

Fuotnoat:

  1. H. Halbertsma (2000), "Frieslands oudheid, side 85.
  2. ——, Redbad-monument in Oost-Friesland, yn: de Ljouwerter Krante, 1 july 2019, s. 21.

Keppeling om utens: