Springe nei ynhâld

Kerstening fan de Friezen

Ut Wikipedy
Willibrord ferkundigt it leauwe op Walcheren

De kerstening fan de Friezen wie it proses dêr't de Friezen harren âlde heidenske leauwen loslieten en ynruilen foar it leauwen yn Jesus Kristus. Dit kerstenjen barde yn in tiidrek fan om-ende-by in iuw en begûn op 'e ein fan de 7e iuw en wie op 'e ein fan de 8e iuw sa goed as folslein.

Oer it generaal hat it proses hiel stadich ferrûn, mar der binne ek koarte perioaden west fan weromfallen nei it âlde leauwen, lykas yn de jierren fan de Frankyske Boargerkriich (714-719) doe't Willibrord flechte moast, yn 754 doe't Bonifatius mei syn maten yn Dokkum fermoarde waard en yn 782 by de opstân fan de Friezen en Saksen. De kerstening fan de Friezen gong foaral lykop mei de útwreiding fan it Frankyske Ryk.

De earste sindingsaktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste missyaktiviteiten yn it Fryske gebiet barden om-ende-by 630 te noarden fan de Ryn. Troch de Frankyske Dagobert waard doe in tsjerkje boud op de restanten fan in Romeinsk kastiel yn Utert en waard wijde oan Sint Marten. Fan dat tsjerkje waard de missy ûnder de Friezen útein set.

Om 650 hinne kaam in ein oan dizze missyaktiviteiten doe't de Friezen de Franken ferdreaun en der wer in Fryske kening yn Utert hearske. Yn dy kriich waard it tsjerke troch de Friezen ferwoaste. Inkele desennia letter setelt kening Aldgilles yn Utert. Yn 678 komt Wilfryd, de biskop fan York by him oan it hof en ferbleau foar langere tiid yn Fryslân as gast fan de kening. Hy lûkt it lân yn om te preekjen en brocht, sa seit syn libbensbeskriuwing, in protte ta it leauwen.

De komst fan de Wytsingen en har oanhâldende ynfallen yn de 9e en 10e iuw hie as gefolch dat de maatskippij út de foegen skuorde en ûntregele dêrmei de ûntwikkeling fan it kristendom yn Frisia. Dochs ferrize mei help fanút grutte Frankyske kleasters en biskoplike sintra wol oeral houten tsjerkjes. Lykwols soe it oant de twadde helte fan de 12e iuw duorje ear't yn Frisia sprake wie fan in yntinsyf geastlik libben. Pas dan wurde de earste kleasters yn Fryslân stifte.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]