Springe nei ynhâld

Frysk heidendom

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fryske heidendom)

Under Frysk heidendom wurdt it âlde heidenske leauwen ferstien fan de Friezen dat troch harren oant en mei it kerstenjen oanhongen waard. Sy leauden dat de natoer om har hinne behearske waard troch godlike krêften en om't dy kreften faaks yn it lânskip werom te sjen wienen spilen religieuze aktiviteiten bûten in wichtige rol. De Friezen wienen, lykas as alle oare Germaanske folken, oarspronklik in heidensk folk en hawwe dat leauwen frij lang oanhâlden, oant-en-mei de 8e iuw ta.

Fan it spesifyk heidenske leauwen fan de Friezen is spitigernôch net folle fan bekend. Dêroer bestean amper skriftlike boarnen en de ynformaasje dy't der al is, is hiel summier. Sa witte wy eins allinnich mar dat sy harren goaden fereare hawwe yn bosken en guon fan dy bosken as hillich beskôge waarden. Sy brochten brânoffers oan de goaden, songen tsjoenfersen en dienen kultyske hannelings op stiennen. Ek waarden troch harren fjoer suveringen dien en de deaden fereare. Ut resinte opgravings, yn ûnder oaren Jelsum en by de Aldehou yn Ljouwert, docht bliken dat de heidenske Friezen minsklike bonken ûnder of njonken harren stee begroeven; faaks om de sege fan de goaden of foarâlden te freegjen.

Oer it Germaanske leauwen is yn it generaal wol mear fan bekend en meast dêrfan giet ek op by de Friezen. Yn de heidenske kultus moat de Fryske kening in wichtige sakrale rol spile hawwe en lykas by harren buorfolk de Saksen waarden by de Friezen ek minske-offers oan de goaden brocht.

De ein fan it Heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It binne de Franken west dy't in ein makke hawwe oan it heidenske leauwen fan de Friezen. Sy oermasteren it Fryske Ryk yn 734 en brochten it kristendom nei dizze kontreien. Dôchs wienen it net allinnich Franken dy't it kristlike leauwen preken. De Friezen waarden benammen beynfloede troch Angelsaksyske prekers dy't ûnder beskerming fan Franken hjirhinne kamen.

De prekers gongen tige yngripend te wurk, want alle Fryske hillichdommen waarden troch harren ferneatige. Der is hielendal neat fan oerbleaun. It ienige dat werom fûn is fan it Fryske heidendom binne wat amuletten lykas de alsengems en yn guon plaknammen binne heidenske kultusplakken werom te kennen.

Lykwols is de kerstening net altyd like flot ferrûn. Neffens de annalen foelen de Friezen in pear kear nei harren iere leauwen tebek. Dat wie yn 716 doe't kening Redbad oermachtich wie, yn 784 yn it tsjintwurdige Fryslân, yn Grinslân en East-Fryslân om-ende-by 793 en sels om 900 hinne kaam it foar dat der Friezen tebek foelen ta it Fryske heidendom.

De Franken hienen der in soad foar oer om de Fryske bewenners ta it kristlik leauwen oer te heljen. It soenen benammen de eallju wêze, dy't as earsten ree wienen om mei it Frankyske ryk gear te wurkjen en stappen oer nei it kristendom. Al ûnder Pippyn II hawwe de Franken besocht om Fryske eallju oan har te binen troch skinkings te dwaan en troch ferdûbeling fan harren warjild.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Liudger, Indiculus superstitionum et paganiarum, Fatikaansk manuskript mei in list fan byleauwe oantekeningen en hannelingen.
  • D.P. Blok, De Franken in Nederland, Haarlim, 1979, side 63-67.
  • Artikel yn de Leeuwarder Courant fan 23 septimber 2010, Boerengezin woonde op een doodshoofd, side 21.